Hayo Apotheker (D66) oer formaasje: "Dit is een nieuwe ronde, nieuwe kansen"

02 okt 2021 - 09:00

Apotheker fynt dat mei it nije kabinet in nije wei ynslein wurde moat: "Dit is een nieuwe ronden, nieuwe kansen". De formaasje duorret yntusken hast sân moannen, mar is dizze wike wer in lyts stikje opsketten, nei't Kaag oanjoech dat D66 it yn de formaasje dochs mei de ChristenUnie besykje wol.

Foto: Omrop Fryslân

Ald-boargemaster en âld-minister Hayo Apotheker fan D66 wol de nije stap yn de formaasje noch net as winst sjen. "Geen overwinning, die moet nog komen. De onderhandeling zullen moeten aangeven wat voor regeerakkoord dit wordt en of die wel voldoet aan de problemen van vandaag en morgen, en of daar voldoende progressief gehalte in zit."

D66 falt neffens Apotheker neat oan te merken. "Wat ze hebben gedaan is zeggen 'er zijn geen alternatieven meer. Wij hebben maandenlang geprobeerd Nederland nog een tweede of derde progressieve partij te geven', het valt ons niet te verwijten dat we nu op deze formule met de huidige vier partijen uitkomen."

Dochs mei ChristenUnie

Syn partij hat yn dizze formaasje dus úteinlik guon easken loslitte moatten. "Dat is geen knieval, dat is gewoon inzien dat dit land geregeerd moet worden en dat zie ik als een kracht."

Hayo Apotheker oer wat der misgong by de formaasje:

Troch it loslitten fan de easken is no wol wer romte yn de formaasje. Dat betsjut net dat it de skuld fan D66 is dat de formaasje sa lang net fan 'e grûn kaam, seit Apotheker: "Ze hebben allemaal verkeerde posities ingenomen, en je kunt ook voor iedereen begrip hebben."

Besteande koälysje trochsette

It liket der no op dat deselde fjouwer partijen dy't earder dit jier opstapten nei oanlieding fan de taslagge-affêre, op 'e nij in kabinet foarmje sille. Neffens Apotheker mei it net sa wêze dat de line fan it foarige kabinet dêrby trochset wurdt. "Dit moet niet gewoon Rutte IV worden, hetzelfde als Rutte III; dit moet Rutte 2.0 worden."

Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Hayo Apotheker.

Apotheker tinkt dan ek net dat deselde line trochset wurde sil. "Het is een hele nieuwe politieke situatie. We hebben een nieuwe agenda, nieuwe politieke verhoudingen. D66 is voor het eerst de tweede partij van het land en het CDA is tien zetels kleiner. Vier jaar geleden waren ze even groot, en dat betekent iets voor hoe je gaat samenwerken. Het progressieve gehalte zal groter worden."

Hayo Apotheker oer it 'houlik sûnder leafde':

Dat 'progressieve gehalte' komt dan wol foar rekken fan D66. "Dat is een grote verantwoordelijkheid. Als dat niet lukt, dan komt er een eindafweging bij al die partijen en daarom worden de komende maanden zo belangrijk."

De partijen sille op 'e nij nei-inoar ta komme moatte yn de formaasje. Neffens Apotheker sil dat wol slagje: "Er zijn jongeren die in opstand komen die geen woning kunnen krijgen, er zijn boeren die geen duidelijkheid hebben over landbouwhervormingen, er zijn Urgenda-rechtszaken over klimaat die deze regering verliest, zorgpersoneel organiseert stakingen. Dit kabinet heeft een nieuwe zware agenda, met een nieuwe politieke verdeling."

Hayo Apotheker oer de formaasje:

(Advertinsje)
(Advertinsje)