Omrop TIP: Dolf Verroen, it bern, de skriuwer

02 okt 2021 - 08:50

Dolf Verroen is hast 93 jier en hat mear as hûndert berneboeken op syn namme te stean. No ferskine syn memoires. Karen Bies makke foar FryslânDOK in portret fan him. Te sjen op sneon 2 oktober by NPO2 en op 3 oktober by Omrop Fryslân.

As bern wist Dolf Verroen (Delft, 20 novimber 1928) al, dat er skriuwer wurde woe. Syn mem drukte him op it hert dat hy dêr net bysûnder genôch foar wie. Syn heit tocht dat der mei it skriuwerskip gjin drûch brea te fertsjinsjen wie, en regele in baantsje by de Gist- en Spiritusfabriek yn Delft. Dat noait, tocht Dolf. Hy gie der net hinne.

Dolf Verroen - Foto: Omrop Fryslân

It wie flak nei de oarloch. Dolf kaam fan de middelbere skoalle en besleat nei Parys te gean. Dêr begûn foar him de frijheid, dêr soe er it libben ûntdekke. En it slagge him dóchs om skriuwer te wurden. Hy begûn mei koarte stikjes en ynterviews mei skriuwers foar de krante, en weage him doe sels oan proaza. Fan de jierren '70 ôf lei er him ta op berneboeken.

Omslag 'Niemand Ziet Het' (tekening Charlotte Dematons) - Foto: Uitgeverij Leoppold

Yntusken hat Dolf Verroen 108 boeken op syn namme stean. Hy is de âldste aktive berneboekeskriuwer fan Nederlân. Yn 'Oorlog en Vriendschap' (2016) en 'Niemand ziet het' (2019) ferwurket hy syn jeugdoantinkens. Syn ferbeane freonskip mei in klasgenoat waans âlden by de NSB sieten, en de ûntdekking dat er op jonges falt, wit er op oandwaanlike wize te beskriuwen.

Rico Bulthuis, Ellen Warmond en Dolf Verroen (r) - Foto: Dolf Verroen

Der ferskynt in nij boek fan Dolf Verroen: 'Feestelijk maar vreselijk'. Dizze kear gjin berneboek, mar syn memoires yn de foarm fan persoanlike oantinkens oan skriuwers. It jout in ferrassend ynkykje yn de literêre rûnten fan de twadde helte fan de 20e iuw.

Dolf Verroen en Gerard Hemmes - Foto: Omrop Fryslân

Dolf wennet mei syn man Gerard Hemmes al hast fjirtich jier yn Fryslân. Yn Sint-Nyk nûgje se graach befreone skriuwers út. Dolf Verroen is op syn 93e net allinnich in aktyf skriuwer, mar hat dêrby ek in drok sosjaal libben. Ut al dy moetings mei skriuwers hat er sûnt de jierren '50 wiidweidich putte kinnen foar syn nije boek.

Mei Ted van Lieshout, Rindert Kromhout en Jacques Dohmen - Foto: Omrop Fryslân

FryslânDOK 'Dolf Verroen, - it bern, de skriuwer'

Sneon 2 oktober NPO2 15.30 oere (werhelling snein 3 oktober 13.10 oere)
Snein 3 oktober Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)

FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele

(Advertinsje)
(Advertinsje)