Harns pakt 'plastic soup' oan mei gerdyn fan wetterbûltsjes

De plastic soup is wrâldwiid in probleem, dus ek by de Waadsee. Gemeente Harns besiket plestik ôffal fan takom jier tsjin te hâlden op in bysûndere wize: mei in Bubble Barrier. It giet om in soarte gerdyn fan wetterbûltsjes dat it grutste part fan it ôffal opfange moat.
De haven en it Van Harinxmakanaal by Harns © Shutterstock.com (T.W. van Urk)
Yn it Van Harinxmakanaal flak foar de Tsjerk Hiddesslûzen wurdt fiif jier lang mei it wetterbûltsjesskerm eksperimintearre. De bedoeling is dat it sa'n 86 persint fan it ôffal dat nei see driuwt, ôffange kin. "We gaan ervoor zorgen dat Harlingen over een paar jaar de schoonste stad aan het Wad is", seit wethâlder Harry Boon fan Harns. "Niet alleen op het land zwerfafvalvrij, maar ook in het water."

Mear as seis ton

Yn totaal kostet it projekt 613.000 euro. Dêrfan komt goed 550.000 euro stipe út it Waadfûns. "Het geld is er nu, dus we gaan het in 2022 voor elkaar maken."
Wethâlder Harry Boon fan Harns
Wetterskip Fryslân, Rykswettersteat, Port of Harlingen, Provinsje Fryslân en gemeente Harns hawwe foarûndersyk dien en tinke dat it skerm goed wurkje kin. Ek gemeenten Ljouwert en Waadhoeke stypje it projekt.

Balge ûnder wetter

Wethâlder Boon leit út wat de bedoeling is: "Er wordt een balg diagonaal ingegraven in de bodem van het kanaal. Met een compressor wordt er lucht in geblazen, dan komen er belletjes omhoog. Daardoor wordt het plastic tegengehouden en door de schuine richting komt het plastic naar de kant toe. Daar kan het vanuit een opvangbak worden afgevoerd. Het gaat niet alleen om het wateroppervlakte, maar om de hele waterkolom."

Proef fan fiif jier

Mei it wetterbûltsjesgerdyn fan lucht kin dus plestik oer de hiele wetterwei fongen wurde. It skerm hat gjin ynfloed op it farferkear, de fiskerij of wetterplanten. "Het bellenscherm moet vlak voor de sluizen komen. De pilot gaat zo'n vijf jaar duren. Als het succesvol is, is de kans groot dat het scherm blijft liggen", seit Boon.