VC Snits start earedivyzje mei âlde bekenden: "Het was direct een warm bad"

02 okt 2021 - 07:45

De seleksje fan VC Snits hat der dizze simmer in soad ûnderfining by krigen. Mei Nynke Oud en Anniek Siebring komme twa froulju werom út it bûtenlân dy't yn de kampioensjierren ek by Snits spilen. "Roos van Wijnen is er nog steeds natuurlijk, haha!"

Nynke Oud en Anniek Siebring binne werom by VC Snits:

Sneon begjint foar de follybalsters fan VC Snits it nije earedivyzjeseizoen. Fuortendaliks mei in drege wedstriid: regearjend lânskampioen Sliedrecht Sport is de tsjinstanner yn de seizoensûvertuere.

Bleu famke

Foar Oud en Siebring sille wedstriden tsjin Sliedrecht, Eurosped en Set-Up '65 wer fertroud fiele. Se binne nei respektyflik fiif en trije jier werom by VC Snits. Dêrnjonken helle Snits Rosa Entius fan twaddedivyzjonist Dinto as nije spylster.

Oud spile de ôfrûne jierren yn Sweden, Dútslân en Frankryk. De 27-jierrige spylster komt as in bettere spylster werom. "Ik heb heel mooie jaren gehad, veel geleerd en veel plezier gehad. Toen ik wegging was ik een jong en bleu meisje, nu ben ik een zelfverzekerdere dame."

Nynke Oud en Anniek Siebring yn harren earste perioade by VC Snits - Foto: Orange Pictures

De perioade yn it bûtenlân duorre foar Siebring wat koarter: se hat trije jier spile yn Dútslân en Finlân. Har rentree hat twa oarsaken. Ien dêrfan is corona. "Wil ik nog weer een jaar ver weg van iedereen in combinatie met corona", frege de 24-jierrige Drintse har ôf.

'Klushuis'

Dêrnjonken kocht Siebring tegearre mei har freon in hûs. "Het is een klushuis en het is dan wat lullig om te zeggen: tot over negen maanden en ik zie het wel als het af is."

Oud is bliid dat se as echte Snitser werom is by har âlde klup. "Ik had prima nog een paar jaar op een leuk niveau kunnen spelen in het buitenland, maar ik haak net niet aan bij het Nederlands team. Dan zijn er meer dingen dan volleybal", fertelt de spulferdieler. "En je wilt ook wat dichter bij vrienden en familie zijn. Dat heeft ook meegespeeld."

Ze kunnen de groep naar een hoger niveau tillen.

Trainer Jeffrey Scharbaai is wiis mei Nynke Oud en Anniek Siebring

Trainer Jeffrey Scharbaai wie yn de earste perioade fan de beide froulju noch gjin trainer by VC Snits, mar is wiis dat Oud en Siebring werom binne by de klup. "Je hebt twee spelers erbij die wat meer hebben meegemaakt. Ze kunnen de groep naar een hoger niveau tillen. Ze zijn nadrukkelijk aanwezig en hebben leiderschapskwaliteiten. De jongere spelers in ons team hebben daar baat bij."

Trainer Jeffrey Scharbaai yn aksje foarich seizoen - Foto: Orange Pictures

Doe't Siebring dizze simmer foar it earst wer meitrainde by it earste frouljusteam fan VC Snits, hoegde se net in soad te fûstkjen. "De meeste meiden ken ik al. Voorgaande jaren heb ik zomers vaak meegetraind. Nynke is terug, Roos speelt er nog, Jeffrey en Henriëtte kende ik ook al een beetje. Het was direct een warm bad."

Fertroud

Datselde gefoel hat Oud, dy't dochs fiif jier fuort west hat. "Het is alsof je niet weg bent geweest. Dezelfde vrijwilligers lopen er nog steeds rond. Het voelt gewoon vertrouwd."

Mei Oud en Siebring yn de ploech waard VC Snits yn 2015 en 2016 kampioen fan Nederlân. De klup spile doe ek Europeeske wedstriden yn ûnder oare Gent en Moskou. Oud begûn har bûtenlânske reis yn 2016, Siebring gie twa jier letter fuort út de sted fan de Wetterpoarte.

Yn 2015 wûn VC Snits, mei Oud en Siebring, de finale om de Nederlânske titel fan Eurosped:

Foarich seizoen waard VC Snits pleage troch it coronafirus. Sa koene der gjin play-offs mear spile wurde tsjin Regio Zwolle om it tredde en fjirde plak yn de kompetysje. Earder moasten de Snitsers harren al weromlûke foar it bekertoernoai troch besmettings binnen it team.

Under dy coronaproblematyk stiet wat VC Snits oanbelanget in dikke streek. Der wurdt foarút sjoen nei it nije seizoen. Wat Scharbaai hoopfol makket, is de tarieding. Dêroer is de trainer fan de Snitser follybalfroulju tefreden.

Minder flaters meitsje

Dochs sjocht Scharbaai ek noch ferbetterpunten. "We zijn nog wel op zoek naar de balans. We hebben fases gehad waarin we te veel fouten maken. We zijn nu aan het trainen om te zoeken waar die liggen en hoe we dat kunnen reduceren."

En as dat slagget, dan hopet VC Snits yn de buert te kommen fan de twa ploegen dy't op it stuit it bêste binne fan Nederlân: Sliedrecht Sport en Apollo 8. "Als we die fouten kunnen reduceren, dan hoop ik dat we in staat zijn om het ze wat lastiger te maken", seit Scharbaai.

In oersjoch fan de wikselingen yn de seleksje fan VC Snits

NIJ (FOARIGE KLUP) FUORT
Nynke Oud (VBC Chamalières, Frankryk) Nienke Tromp
Anniek Siebring (LP Viesti, Finlân) Wies van Solkema
Rosa Entius (Dinto) Jasmijn Akse
Sjanet Wijnia
(Advertinsje)
(Advertinsje)