Nominaasjes Gouden Gurbes diels bekend: fjouwer foar 'Op hoop van segen'

De nominaasjes foar de Gouden Gurbes binne diels bekend makke. It giet om de prizen foar de Fryske iepenloftspullen. Foar de titel 'bêste iepenloftspul' binne #Freonen fan Jorwert, Galgen fan Snakkerbuorren en Op hoop fan segen fan Suwâld nominearre.
© Omrop Fryslân
Kâns op de priis 'bêste haadrol' meitsje Dries Visser fan it spul Twa, Skelte Anema fan #Freonen en Anneke van den Akker fan Op hoop fan segen. Yn de kategory bêste byrol binne Anja Steegstra (Galgen), Mayte Veenstra (Fan bûten út) en Wytse Algra (Op hoop fan segen) nominearre.
#Freonen en Op hoop fan segen binne ek nominearre yn de kategory foarmjouwing. Dat jildt ek foar Maistiid fan Ryptsjerk.
De Gouden Gurbe dy't de sjuery nei eigen ynsicht jaan kin en de publykspriis wurde pas bekend by de útrikking. Dy is oer in wike.