Rami Kaib helpt selsmoard-previnsje yn Sweden: "Foar myn bêste freon"

Rami Kaib pleatste dizze wike foar in goed doel in bysûnder berjocht op Instagram. De fuotballer fan SC Hearrenfean kinst fia de webside fan Memmo in boadskip ynsprekke litte. It jild dat er dêr mei ophellet giet nei in goed doel.
© Orange Pictures
In soad bekende Sweden stean op dy webside en dêr stiet Kaib no ek by. "Kinst troch my in fideoboadskip ynsprekke litte. Bygelyks foar 7,50 euro. Ik koe der foar kieze om it jild dat it opsmyt foar mysels te hâlden, mar ik ha keazen foar in goed doel."

Jild ynsammelje foar Suicide Zero

De organisaasje dêr't Kaib jild foar ophellet is Suicide Zero. In organisaasje dy't him dwaande hâldt mei it werombringen fan it tal selsmoarden yn Sweden. "Doe't ik 15 jier wie, plege myn bêste freon selsmoard. Ik draach ek altyd in shirt ûnder myn Hearrenfeanshirt. Dêr spylje ik al sûnt myn 15e mei. Syn namme stiet der op mei de tekst myn beste freon."
Kaib oer syn wurk foar it goeie doel:
Hast fiif wiken lyn krige linksback Rami Kaib by in training in tik op syn kaak. De Sweed hie der flink lêst fan, mar der like neat oan de hân fierder.

Kin Rami Kaib wer in woartel ite?

In pear dagen letter is Kaib thús en yt hy in woartel. Hy heart 'knak'. De folgjende dagen kin hy eins net mear ite. It docht bliken dat hy syn kaak brutsen hat. It is sa slim, dat hy allinnich mar floeiber iten ite kin. "It wie sa pynlik, net normaal. No is it wer goed, mar ik sjoch oer in heal jier wol wer ris oft ik in woartel ite sil."
Rami Kaib oer syn brutsen kaak troch in woartel:
Foar de wedstriid tsjin PEC Zwolle kin trainer Johnny Jansen net beskikke oer syn folsleine seleksje. Trije spilers ûntbrekke tsjin de nûmer lêst fan de earedivyzje.

Ofwezigen

Keeper Erwin Mulder bruts ôfrûne snein tsjin FC Twente syn tomme en is dêrtroch minimaal in pear wiken útskeakele. Syn plak wurdt ynnaam troch Xavier Mous, dy't ferline seizoen oerkaam fan PEC Zwolle.
Siem de Jong foel snein tsjin FC Twente ek út. De Jong hat yndividueel wol meitraind, mar sit sneon net by de seleksje. Syn plak yn de basis wurdt oernaam troch Arjen van der Heide. Filip Stefanovic hat ek yndividueel meitraind, mar sit ek net by de seleksje.
Njonken in basisplak foar Mous en Van der Heide is ek Benjamin Nygren wis fan in plak by de earste alve. Yn fergeliking mei de wedstriid tsjin FC Twente begjint Anthony Musaba dêrtroch op de bank.
Opstelling: Mous, Van Ewijk, Van Beek, Dresevic, Woudenberg, Madsen, Joey Veerman, Halilovic, Nygren, Henk Veerman en Van der Heide.

Trije stellings fan Riemer en Foppe

Nei de wedstriid tsjin FC Twente en de iepening fan de Riemer van der Velde- en Foppe de Haan-tribune sieten de twa by de podcast fan Radio Camataru. Beide manlju wiene kritysk oer it spul fan Hearrenfean. Oan de hân fan harren krityk lei ferslachjouwer Roelof de Vries Riemer en Foppe trije stellings foar.
We lizze Johnny Jansen trije stellings foar:
De wedstriid PEC Zwolle - Hearrenfean is sneontejûn live te folgjen by Omrop Fryslân radio. Kommentator is Roelof de Vries.