Girowinner Bernal ferfangt Ganna by profronde Surhústerfean

Egan Bernal stiet sneontemiddei oan de start fan de profronde fan Surhústerfean. De Kolombiaan, dy't yn 2019 de Tour wûn en dit jier de Giro, ferfangt wrâldkampioen Filippo Ganna.
© Orange Pictures
De organisaasje fan de profronde moast op it lêste momint op syk nei in ferfanger foar de Italiaan, om't er fanwegen famylje-omstannichheden ôfsein hie. "Het is wel vaker last minute, maar nu kneep ik hem toch wel even", seit organisator Erik Jager.
"Met Bernal hebben we een mooie vervanger", sa seit de organisator. De 24-jierrige hurdfytser wûn neist de Tour en de Giro ek noch Parys-Nice, de Ronde fan Switserlân en de Ronde fan Kalifornië.
Neist Bernal steane ek ûnder mear Elia Viviani, Fabio Jakobsen en Pieter Weening oan de start fan de profronde fan Surhústerfean.