Schouten yn de basis tsjin AZ, Jacobs ûntbrekt tsjin syn âlde wurkjouwer

Cambuur-oanfierder Erik Schouten stiet snein yn de thúswedstriid tsjin AZ wer yn de basis. Schouten krige ferline moanne yn de warming-up foar de wedstriid tsjin Go Ahead Eagles hinder fan in kûtblessuere.
Erik Schouten oer syn weromkommen yn de basis:
Hy miste fjouwer wedstriden, mar stiet snein dus wer yn de basis. Hy is hielendal fit, sa seit er: "Ja, vandaag (freed, red.) alles weer meegedaan. Ik ben blij dat ik weer op het veld sta."
Wedstriden fan de tribune ôf besjen is foar in fuotballer neat oan. "Daar heb ik ook nog altijd wel moeite mee. Maar uiteindelijk moet je accepteren dat het niet gaat. En die andere jongens hebben het fantastisch gedaan."

Alde klup

En no komt dus AZ op besite yn Ljouwert. De klup dêr't de karriêre foar Schouten begûn, al helle hy nea it earste alvetal.
"Jaja, ouwe clubje hè? Maar dat is lang geleden hoor. Of ik nog wat met de club heb? Jawel, AZ is een fantastische club, waar ik een mooie tijd bij de jeugdopleiding heb gehad. Dus ik heb nog wel wat warme gevoelens bij de club. En AZ heeft een hele goeie ploeg. Het wordt gewoon een lastige pot."
Trainer Henk de Jong oer it duel tsjin AZ:
Ek Cambuur trainer Henk de Jong neamt AZ in goeie tsjinstanner. "Nei PSV en Ajax hawwe we nei AZ de hiele top trije fan ferline jier hân. It wie wat wikseljend, mar it wurdt tiid dat wy dat no goed dwaan sille."
PSV en Ajax wienen útwedstriden. Tsjin AZ is it in thúswedstriid. In hiel ferskil neffens de Cambuur trainer. "Ja, as wy thús spylje is it gjin garânsje foar sukses, mar wy spylje gewoan mei tolve man."

'In prachtige útdaging'

En Cambuur sil de help fan it publyk nedich hawwe, want AZ hat in wat stroefe start fan de kompetysje hân, mar is wol in hiel goeie ploech, sa seit De Jong: "It is gewoan in goeie ploech. Dy klup docht it gewoan geweldich. It is in prachtige útdaging foar ús om dêr tsjin te fuotbaljen. En wy hâlde fêst oan ús eigen spul, der sil ik neat yn feroarje, mar wy moatte wol leare om earedivyzje fuotbal te spyljen".
Mei it weromkommen fan Schouten hat Henk de Jong in brede seleksje ta syn beskikking. Allinnich Jamie Jacobs is blessearre. En de nije oanwinsten, lykas Uldrikis, Krastev en Kiss komme der oan, sa seit Henk de Jong. "It is prachtich om te sjen hoe't dy jonges har ûntwikkelje. Mar je moatte je nea ryk rekkenje. Gewoan trochgean."