HEA! Linzjery meitsje yn it Nifelhonk

In buordsje mei 'Nifelhonk' oan de kant fan de dyk yn Boazum makket nijsgjirrich. Op in boerehiem nifelje fiif froulju ûnder lieding fan Hetsche Boonstra linzjery en klean op maat. De froulju oefenje earst op romme ûnderbroeken, foar't se har weagje oan fine en elegante slipkes. Antje oefenet op proporsje. "Bygelyks klean foar minsken mei in bolle rêch, dan pas ik it oan, sadat it dochs moai slutend past." De froulju moetsje inoar alle wiken en krije húswurk foar thús, want de eksamens sitte der ek hast oan te kommen.
HEA! Linzjery meitsje yn it Nifelhonk