Wurkstraf foar himpkwekerij yn oaljekoekskream op It Hearrenfean

In 35-jierrige man fan It Hearrenfean hat in wurkstraf fan 120 oeren krigen omdat er in himpkwekerij makke hie yn in oaljekoekskream. De kream stie yn in loads oan It Dok op It Hearrenfean.
© Omrop Fryslân
It wie al de twadde kear dat dêr in himpkwekerij oprôle waard. De loads wie dêrom ferline jier alris foar in heal jier sletten. Neidat de kream mei himp fûn wie, liet de boargemaster de loads foar in jier op 't slot dwaan.
De fertochte seit dat er himsels net mei de kwekerij bemuoid hat, dat hie in oar dien. Mar neffens de plysje hat hy de kream kocht, de loads hierd en de planten en apparatuer oanskaft. Njonken de wurkstraf hat de man ek in finzenisstraf fan in moanne ûnder betingst krigen.