Joop Alberda hâldt op as technysk direkteur follybalbûn

Joop Alberda hâldt op as technysk direkteur fan it Nederlânske follybalbûn Nevobo. De 69-jierrige Fries giet op 1 novimber fuort, nei in tsjinstferbân fan goed trije jier. Herman Meppelink folget him op.
© ANP Foto
Alberda kaam yn 2018 werom by de Nevebo, yn earste ynstânsje op ynterimbasis nei it fuortgean fan Bram Ronnes. Al gau waard er oansteld as technysk direkteur.

Bysûndere reis

"Ik haw yn myn libben in bysûndere reis troch de topsport makke. Dy is begûn yn it follybal en einiget dêr no ek", seit Alberda, dy't as coach mei Oranje op de Olympyske Spelen fan 1996 yn Atlanta goud pakte.
"De lêste jierren haw ik goed gearwurke mei de direksje en yn it ramt fan de nasjonale teams. Ik bin by de Nevobo thúskaam en it hûs is better op oarder as ea."
Alberda wurke earder as technysk direkteur fan ûnder mear sportkoepel NOC*NSF, de Atletiekunie en swimbûn KNZB.