RIVM: 81 nije besmettingen registrearre yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 81 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der tsien mear as tongersdei. Doe waarden 71 nije coronabesmettingen meld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
It giet allinnich om testen dy't ôfnaam binne troch de GGD. De testen foar in coronatagongsbewiis wurde net yn dizze sifers meinommen.
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 76 besmettingen meld yn Fryslân. Tongersdei lei dat trochsneed ek op 76, in wike lyn op 82.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der is wol ien Fries mei it coronafirus opnaam yn it sikehûs. Dat giet om in ynwenner fan de gemeente Noardeast-Fryslân.

11 coronapasjinten yn de Fryske sikehuzen

Neffens it Acute Zorgnetwerk Noord Nederland lizze der op dit stuit 11 pasjinten mei it coronafirus yn de Fryske sikehuzen. Fan har lizze 5 op de intensive care en 6 op oare ôfdielingen.
Yn de trije noardlike provinsjes giet it yn totaal om 9 pasjinten op de intensive care en 13 pasjinten op oare ôfdielingen.
Tal pasjinten mei corona yn de Fryske sikehuzen (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen freed op 1.741. It trochsneed fan de ôfrûne sân dagen is 1.648.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.