Auto slacht oer de kop by Jelsum: twa ferwûnen nei it sikehûs

01 okt 2021 - 15:03

By in iensidich autoûngelok op de Bredyk by Jelsum binne freedtemiddei twa minsken ferwûne rekke. De auto kaam troch noch ûnbekende oarsaak op 'e kop yn 'e feart telâne.

Foto: Kappers Media

De plysje, de brânwacht, in ambulânse en in traumahelikopter kamen te plak om help te ferlienen. De twa ferwûnen binne oerbrocht nei it sikehûs.

De plysje docht op it stuit ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok Jelsum
(Advertinsje)
(Advertinsje)