Skylge ferlient fergunning foar festival Eilân

01 okt 2021 - 13:02

Skylge hat it festival Eilân in fergunning ferliend foar de simmer fan 2022. It festival soe al yn 2019 plakhawwe moatte, mar de fergunning waard doe ynlutsen troch de rjochter.

Skylge ferlient fergunning foar festival Eilân

De rjochter ferbea it festival yn 2019 om't der problemen wienen mei de fergunning. In probleem wie ûnder oare dat it festival plakhawwe moast njonken in stiltegebiet mei beskerme bistesoarten.

Fergunning foar ien jier

Daniël van Drunen fan it organisearjende bedriuw Chasing The Hihat reagearret bliid op it ferlienen fan de fergunning troch de gemeente. Hy seit dat der in protte tiid bestege is oan de fergunningsoanfraach, om nije beswieren safolle mooglik foar te kommen. Hy jout oan dat de gemeente it ferstanniger fûn om de fergunning te ferlienen foar ien jier en net foar fiif jier, sa't earst de bedoeling wie. Dêrmei hoopje B&W op mear draachflak fan de gemeenteried.

Der meie maksimaal 6.000 minsken komme. Yn in eardere fergunningsoanfraach wie frege om 9.000 besikers, om sa romte foar groei yn de takomst te hâlden.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Lûdsnoarm

Yn de nije omjouwingsfergunning stiet dat de organisator him hâlde moat oan de leechst mooglike lûdsnoarm. Nettsjinsteande dy noarm bliuwt it neffens Van Drunen mooglik om in goed festival te organisearjen. It doel is dat der fjouwer poadia komme, om de mar fan Hee hinne. De beëage data foar it festival binne 15, 16 en 17 septimber.

Tsjin de nije omjouwingsfergunning fan de gemeente Skylge is wol wer opnij beswier mooglik, mar Van Drunen hat goeie hoop dat it no wol slagget.

(Advertinsje)
(Advertinsje)