Mear as de helte fan Fryske besmettingen yn noardeasten

01 okt 2021 - 12:01

Mear as de helte fan de coronabesmettingen dy't de ôfrûne wike fêststeld binne yn Fryslân, wienen yn de fjouwer noardeastlike gemeenten.

In coronatest - Foto: ANP

De GGD Fryslân wit fan it bestean fan seis gruttere coronaklusters yn Fryslân op it stuit. Dat binne gefallen wêryn't tsien besmettingen of mear oan elkoar ferbûn binne.

Fjouwer fan dy seis klusters binne yn it noardeasten: yn de hoareka, op skoallen en by in doarpsfeest. "Dat is net in goede ûntwikkeling", seit Johannes Kramer, de boargemaster fan Noardeast-Fryslân: "De fraach is oft it him ek oerset nei mear sikehûsopnames, want dêr giet it om."

It tal coronabesmettingen yn Fryslân is foar de tredde wike op rige ôfnaam. Dat docht bliken út de sifers fan it RIVM. Yn de ôfrûne wike testen 530 Friezen posityf op it coronafirus, wylst dat yn de wike derfoar noch 598 wienen. Dat is in delgong fan 11,4 persint.

De fjouwer gemeenten dêr't omrekkene nei it tal ynwenners de measte positive tests wienen, binne de fjouwer yn de noardeastlike hoeke: Achtkarspelen, Dantumadiel, Tytsjerksteradiel en Noardeast-Fryslân. Dat wie ôfrûne wike ek al sa.

Neffens de GGD kin it derop wize dat minsken minder ree binne om har teste te litten. Dat soe betsjutte dat de fersprieding fan it firus ek minder goed yn byld is.

In grut diel fan de besmette minsken is tusken de 18 en de 30 jier. Yn Achtkarspelen foarmje bern de grutste groep fan de positive tests.

Kramer sjocht dat byld ek yn syn gemeente. "Ik tink dat it in rol spilet dat wy hjir wat fierder fan testlokaasjes ôf sitte en dat de faksinaasjegraad wat leger is. En wy ha in pear grutte eveneminten hân de ôfrûne wiken, dus dat hat ek effekt hân."

Legere faksinaasjegraad yn deselde gemeenten

De faksinaasjegraad yn de fjouwer betreffende gemeentes is ek leger as yn de rest fan Fryslân. Yn Dantumadiel (69,3) en Achtkarspelen (69,5) is minder as santich prosint fan de minsken fan tolve jier en âlder faksinearre.

Noardeast-Fryslân en Tytsjerksteradiel komme dêrnei, al sitte dy twa gemeenten wol in stik tichter by it Fryske trochsneed fan 75,9 prosint.

Men moat wol dy coronacheck dwaan.

Johannes Kramer, boargemaster gemeente Noardeast-Fryslân

Der binne ek klusters bekend út de hoareka. Dy moatte sûnt 25 septimber besikers kontrolearje. "Dat dogge fierhinne de measten wol, dat is it positive, mar der binne in oantal dy't dat noch net dogge."

Op dy plakken sil neffens Kramer hanthavene wurde moatte: "Dit wykein krije dy fan ús besite, fan de BOA's en de plysje. We sille der op hanthavenje en yn it uterste gefal sille we dêr ek strang tsjin optrede, want men moat wol dy coronacheck dwaan."

Ekstra testlokaasje

Oan tagong ta testlokaasjes sil it aanst net mear lizze, want der komt tydlik in ekstra lokaasje yn Noardeast-Fryslân. "Ik bin wol hiel bliid dat wy no in testlokaasje krije yn Dokkum. Foarearst mar tsien dagen, mar ik hoopje dat dat trochset wurdt."

Yn hiel Fryslân binne ôfrûne wike 4.560 prikken set mei faksins tsjin it coronafirus. De GGD hat yn totaal no 712.927 faksinaasjes set.

Boargemaster Johannes Kramer oer besmettingen yn Noardeast-Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)