Walrus ferlit Harnzer seedyk, folgjende bestimming ûnbekend

01 okt 2021 - 11:19

De walrus dy't tongersdei noch yn Harns op de seedyk lei, is wer ferdwûn. Dat seit Annemarie van den Berg fan SOS Dolfijn.

De walrus yn Harns - Foto: Omrop Fryslân

De walrus waard earder al sjoen op Skiermûntseach en letter dus yn Harns. Dêr socht se rêst. Saakkundigen rôpen minsken op om foaral net nei Harns ta te kommen en it bist gewurde te litten. Dochs waard it drok yn Harns. It gebiet dêr't de walrus lei, waard ôfset.

Dat in walrus yn de Fryske wetteren swimt, is bysûnder. Doe't se ferline wike sjoen waard by Skiermûntseach, wie dat foar it earst yn 23 jier dat in walrus sjoen is yn Nederlân.

In soad belangstelling foar de walrus yn Harns:

Neffens SOS Dolfijn is net te foarsizzen wêr't de walrus wer opdûkt.

Dat kin op de Fryske of Dútske Waadeilannen wêze, mar ek op in folslein oar plak. De lêste waarnimming is fan tongersdei oan de ein fan de middei. Doe lei de walrus noch yn Harns.

Trefwurden: 
Harns SOS Dolfijn Walrus
(Advertinsje)
(Advertinsje)