De toan fan Joana Duarte: "Corona-yntimiteit"

01 okt 2021 - 09:47

"'In krisis draacht hieltyd de potinsje yn him om plak te meitsjen foar nije dingen. En plak is der. Ik bin nammentlik allinne. Der hat al even nimmen mear by my yn bêd west. Wat is langstme?'

Nee, ik haw it net oer mysels. Ik sitearje út de teätrale monolooch "(On)aanraakbaar" fan Siska Baeck, dy't yn in Fryske oersetting fan myn man Tsjerk Bottema te beharkjen wie mei de teätrale kuier "Huidhonger" op it Frysk Strjitfestival. Huidhonger, de ôfstudearproduksje fan teätermakker Luna van Drunen, is in produksje oer yntimiteit, of it gebrek dêroan, yn tiden fan corona en lockdown.

Ek Siska Baeck waard ynspirearre troch de coronakrisis, fertelt se yn in fraachpetear:

'Tijdens de crisis voelde ik dat er veel is waar ik me zorgen over maak. Zo geef ik les aan jongeren die nu hun vleugels gaan spreiden. Die ontdekken zichzelf en op wie ze verliefd zijn. Hoe kun je je gevoelens van verlangen en verliefdheid ontdekken op afstand?'

Dat kafees en clubs oant foar koart sletten wiene, makke it der foar jongerein op leafdesjacht fansels net better op. Gelokkich biede datingapps útkomst, om dochs in mooglikheid te finen om hûdhonger te befredigjen. Dêr is grif gretich gebrûk fan makke. Of barde dat ûnder jongerein sowieso al, ek foar 13 maart 2020?

Doe't ik my foar it earst op de leafdesmerk bejoech, stiene datingsites noch yn 'e berneskuon. Wy moasten der boppedat wat om laitsje; soks wie dochs mear wat foar stumpers, dy't earder oanwiisd wiene op de kontaktadvertinsje yn de krante? Yntusken hat ien fan de earste datingsites yn Nederlân, Relatieplanet.nl, it ljocht útdien, mar binne de Tinders, Grinders en Parships net mear út it datinguniversum fuort te tinken. En lêsten seach ik in billboard fan Bumble: 'Op Bumble zetten vrouwen de eerste stap'.

Fan myn studinten wit ik dat se graach gebrûk meitsje fan datingapps. Foar millennials, dy't mei ynternet opgroeiden, binne dy net mear foar stumpers; flirte yn 'e kroech of swipe op de app; wat is it ferskil? Dat bringt my, nei de Typology fan de Nederlânske Bôle-iters en de Subjektive Waarnimming fan it Nederlânske Waar, op in nije typology: dy fan de off- en online daters.

Type 1, de supermerkdater, wol allinne de Wiere Leafde. Dy docht net oan online dating, mar tinkt de wiere fansels in kearke ûnder it boadskippen tsjin te kommen. En is yntusken drok mei it organisearjen fan fytstochten en picknicks dêr't De Wiere ek by wêze kinne soe. Type 1 is lykwols sa drok mei de organisaasje dêrfan dat der net genôch fokus oerbliuwt om noch each te hawwen foar De Wiere.

Type 2, de finkjesdater. Dy flirt net, mar wol wol online date en hat soarchfâldich alle kritearia ôffinke dêr't Mr. of Mrs. Right oan foldwaan moat. De tragyk is dat soks it tal mooglike matches sterk beheint. En as der dochs in perfect online match is, docht by de date bliken dat der gjin flinters binne. Om him of har úteinlik dochs offline tsjin te kommen en te konstatearjen dat dy nettsjinsteande de flinters net oan it listje mei foarôf formulearre easken foldocht.

Type 3, de multydater, herken ik ûnder myn studinten. Dit type makket graach gebrûk fan Tinder, en swipet en scrollt der fleurich op los; der kin altyd wat betters op jo paad komme, no? Type 3 hat op dizze wize bytiden dan ek trije skarrels tagelyk, om dêrnei ynienen head over heals op dy iene te wêzen en online dating foargoed ôf te swarren. Foar salang't it duorret.

Type 4, de Living on the Edge-dater, kenne alle daters wol: dy uteret online alderhande perversiteiten, is der fan alle leeftiden, mar is meastentiids wol man, faak ek mei frou en bern. Type 4 is ferslave oan de spanning, tankt dat as wie it benzine, en hâldt fan in libben mei risiko's.

Lykas thúswurkjen foar in soad minsken in fanselssprekkend ûnderdiel fan it libben wurden is, hat online dating grif ek noch mear oan terrein wûn. It is definityf net allinne in saak mear foar stumpers, mar tenei gewoan de digitale pendant fan de relaasjemerk en in opmaat foar in ôfspraakje yn it echte libben.

Foar elkenien dy't net leaut oan de supermerk as romantysk relaasjenêst, binne sûnt 25 septimber de kroegen, clubs en disko's wer iepen, en kin der wer real live flirt wurde, ek al is it oant middernacht. Effektyf wêze, minsken! Wat wol even wenne moatte sil, is dat jo yn it echte libben immen spitigernôch net fuortswipe of nei ûnderen scrolle kinne, as dy sliepferwekkend blykt."

Trefwurden: 
De Toan fan Joana Duarte
(Advertinsje)
(Advertinsje)