Earste Fryske bioskoopfilm yn 20 jier meast besochte film yn Fryslân

De earste Fryske bioskoopfilm yn tweintich jier is fuortendaliks de bêst besochte film yn Fryske bioskopen yn septimber. Stjer luts sûnt de premjêre op 6 septimber in lytse 10.000 minsken nei de bios.
Janko Krist, Emiel Stoffers en Jeroen Seinstra © Leo Middelsé
Stjer is makke troch de band De Hûnekop en regisseur Janko Krist en giet oer in searjemoardner dy't it foarsjoen hat op Fryske artysten.
Net alle Fryske bioskopen hienen it sukses ferwachte. "Wel dat veel fans van De Hûnekop de film zouden kijken, maar de film trekt een veel breder publiek", seit Nick van der Berg fan CineSneek.

Bûten Fryslân

De film is yntusken ek te sjen bûten de provinsjegrinzen. Sa draait Stjer yn bioskopen yn Emmeloord, Klazienaveen en Heerlen. Yn Grins draaide de film foar in groep studinten.
"Yn Grins hawwe we it ûndertitele", sei regisseur Krist doe. "We wolle no de wrâld feroverje fansels, dus dan moat der ûndertiteling by."
De Hûnekop-sjonger Emiel Stoffers spilet de haadrol yn de film: "We hienen fansels hope dat Stjer in sukses wurde soe, mar dat bliuwt altyd ôfwachtsjen. Ik bin der tige grutsk op dat safolle minsken entûsjast binne oer de film."