Steatefraksjes: groei geitehâlderijen oanlieding foar nije geitestop

Fiif Fryske Steatefraksjes wolle de geitestop yn Fryslân wer op tafel bringe. De groei fan it tal geiten is dêr oanlieding foar, fine PvdA, FNP, GrienLinks, SP en Partij voor de Dieren.
© ANP
Der binne op it stuit 27.000 geiten yn Fryslân en dat binne der 9,7 prosint mear as it jier dêrfoar. De Steatefraksjes wolle fan Deputearre Steaten witte oft dy groei oanlieding jout foar in nije geitestop.
De partijen binne benaud dat geitehâlderijen út provinsjes dêr't sa'n geitestop jildt, oerstappe nei Fryslân ta.

Mooglike relaasje mei sûnensklachten

Yn Fryslân wie in geitestop fan in jier, tusken augustus 2019 en 2020. Oanlieding dêrfoar wie in advys fan GGD Fryslân. Der bestiet nammentlik mooglik in relaasje tusken de oanwêzigens fan geitehâlderijen en sûnensklachten fan de omwenners dêrfan.
Konkreet betsjutte de stop dat nije geitehâlderijen har net yn Fryslân fêstigje mochten en dat besteande bedriuwen net útwreidzje mochten.

GGD: net by 'gefoelige bestimmingen'

Dy provinsjale stop is net mear fan krêft, mar gemeenten kinne wol oergean ta in gemeentlike geitestop. Weststellingwerf hat dat bygelyks dien. En de GGD Fryslân advisearret noch om út foarsoarch gjin útwreiding of nijbou fan geitehâlderijen ta te stean yn in straal fan twa kilometer fan 'gefoelige bestimmingen'.
Under dy gefoelige bestimmingen wurde ûnder oare hûzen, skoallen, berne-opfang, âldereinhûzen, fersoargings- en ferpleechhûzen en sikehûzen ferstien.