Tal smokers yn Fryslân yn acht jier mei in kwart ôfnommen

It tal smokers yn Fryslân is yn acht jier mei 26,1 prosint minder wurden. Yn ús provinsje is it persintaazje minsken dat smookt noch wol grutter as it lanlik trochsneed.
De Fryske jongerein smookt in soad:
Dat meldt ferlikingssite Independer op basis fan alle GGD'en yn gearwurking mei it RIVM en it CBS. De grutste delgong yn it tal smokers yn Fryslân wie yn Tytsjerksteradiel: dêr smookten foarich jier 34,5 prosint minder minsken as yn 2012.
Net yn alle Fryske gemeenten is it persintaazje smokers minder wurden. Yn Dantumadiel binne der 5,6 prosint mear smokers. Harns is de gemeente mei relatyf de measte smokers: ien op de fiif stekt dêr in sigaret op. Fierder is it persintaazje smokers yn Súdwest-Fryslân en Achtkarspelen relatyf heech.
Ferlike mei oare provinsjes, hat Fryslân relatyf in soad smokers: 17,6 prosint fan de ynwenners smookt. Allinnich yn Grinslân en Limboarch leit it persintaazje smokers heger.

'Jongerein beynfloede troch folwoeksenen'

Under jongerein hat Fryslân sels de measte smokers. De ynfloed fan folwoeksenen liket grut, neffens Independer. Yn de provinsjes dêr't relatyf de measte folwoeksenen smoke, leit it persintaazje smokende jongerein ek it heechst.
Tal folwoeksenen dat smookt: