Mear Fryske sneinsklups stappe oer op sneonsfuotbal troch nije regel KNVB

Goed tsien prosint fan de Fryske fuotbalklups dy't no mei in earste alvetal op de sneins spilet, makket nei dit seizoen de oerstap nei it sneonsfuotbal. Oerstappen fan de iene nei de oare dei is makliker wurden troch in inisjatyf fan fuotbalbûn KNVB.
Max Huiskamp (rjochts) mei LAC Frisia tsjin Lemerveld: it is ien fan de klups dy't se takom seizoen net mear treffe sille © Dijks Fotografie
Dat nije inisjatyf hyt: horizontaal oerstappen. Seis Fryske fuotbalklups gripe dy mooglikheid oan om it sneinsfuotbal nei dit seizoen te ferruiljen foar it sneonsfuotbal. It giet om earsteklassers FVC en VV Hearrenfean, twaddeklassers LAC Frisia 1883 en GAVC, treddeklasser VC Trynwâlden en fjirdeklasser SF Deinum.

Wat is horizontaal oerstappe?

Amateurklups dy't op sneins fuotbalje en de oerstap meitsje wolle nei sneons, moasten foarhinne op it leechste nivo begjinne. Dat is op sneons de fyfde klasse. Fuotbalbûn KNVB hat no foar it earst mooglik makke datst op itselde nivo bliuwe kinst, ast oerstapst fan de sneins nei de sneons.
Klups út de twadde klasse sneins bygelyks kinne kommend seizoen begjinne yn de twadde klasse op sneons. Dat neame se horizontaal oerstappe. De deadline om in horizonatale oerstap troch te jaan oan de KNVB wie tongersdeitejûn om middernacht.
By Frisia út Ljouwert, de âldste Fryske fuotbalklup, wienen de leden behoarlik ienriedich: "Meer dan veertig leden hebben voor gestemd, niemand stemde tegen", fertelt foarsitter Martijn Hoekstra. "Er waren wel twee onthoudingen. Maar het valt me heel erg mee, ik had verwacht dat er meer pijn zou zitten."
Dat de leden fan Frisia fol oertsjûging foar de sneons kieze, hat neffens Hoekstra ferskate redenen. De wichtichste: de winsk fan de spyljende leden. "Heel veel jongens verlieten de club en gingen in de buurt bij een zaterdagclub voetballen. Het past beter in het weekschema en ze vinden het leuker, met een biertje in de kantine na afloop."
Wolst de spilers net kwytreitsje oan klups yn de stêd dy't op sneon spylje.
Erik Jan Wijnstra (foarsitter SF Deinum)
Seis kilometer fierderop, by SF Deinum, ha se deselde kar makke as Frisia. By Deinum bliek út in enkête dat de jeugd en de senioaren leaver op sneons fuotbalje. Fierder gean op sneins wie gjin opsje, fertelt foarsitter Erik Jan Wijnstra. "Wolst de spilers net kwytreitsje oan klups yn de stêd dy't op sneon spylje."
Dat barde oarsom wol. In soad 'Frisianen' stapten oer nei sneonsklup SSS'68 út Marsum. "Dat is een trigger geweest", seit Hoekstra. Syn klup hat de ôfrûne jierren in dipke hân yn it tal leden, mar hopet dit seizoen wer troch de 1.000 te gean.
Deinum is in fjirdeklasser en sil sadwaande kommend seizoen yn de fjirde klasse op sneons útkomme. "It horizontaal oerstappen wie in hiel belangryk punt foar ús", konkludearret Wijnstra. "Wy kinne noch wol ris in treddeklasser wurde en oars hiene we ús wer omheech fjochtsje moatten út de fyfde klasse."
Fin Douma (rjochts) mei SF Deinum tsjin Langwar: de iene klup giet nei it sneonsfuotbal, de oare bliuwt op de sneins © Dijks Fotografie
Frisia hat sûnt in pear jier in earste alvetal op de sneons, al spilet dat wol folle leger as it sneinsteam. It sneonsteam hat in soad omtinken krigen binnen de klup en de hoop wie dat de ploech de ôfrûne jierren wat klassen klimme soe. Troch de coronakrisis kamen de kompetysjes lykwols stil te lizzen en gong in promoasje net troch.

Druk op de frijwilligers

"Maar dat we op zowel de zaterdag als de zondag een prestatief elftal hebben, zorgt er ook voor dat de druk op de vrijwilligers groter werd." Dy frijwilligers moasten de ôfrûne jierren net mear allinnich op sneins soargje foar goede omstannichheden, mar ek op sneons.
Dat der troch de kar om oer te stappen minder druk komt op de frijwilligers, is foar Deinum ek in reden nei de sneons te gean. Rekreatyf fuotbal op de sneins sil der ek net mear wêze, wêrtroch't je op sneins bygelyks gjin frijwilligers mear nedich hawwe foar de kantine.
It hawwen fan twa prestaasjeteams fernaam Frisia de ôfrûne jierren ek yn de beurs. "Op zaterdag hebben we ook betaalde trainers. Dus dat we nu voor één dag kiezen, is financieel ook niet onaantrekkelijk."

Mooglikheid horizontaal oerstappen joech de trochslach

Foar Frisia redenen genôch dus om it sneinsfuotbal te ferlitten, mar sûnder de mooglikheid om horizontaal oer te stappen wie it no noch net bard. "We maken er gretig gebruik van. Als deze mogelijkheid ons niet was geboden, dan hadden we over een jaar of vijf misschien alsnog de keuze gemaakt, maar dit heeft het proces versneld."

29 klups yn fyftjin jier

Yn de ôfrûne fyftjin jier ha 29 Fryske fuotbalklups it sneinsfuotbal mei it earste alvetal ferlitten. De redenen ferskille: guon klups binne fusearre, guon klups ha net genôch spilers om in earste alvetal yn te skriuwen en guon binne oerstapt nei it sneonsfuotbal.
De trend fan de ôfrûne fyftjin jier: Fryske klups dy't mei it earste alvetal it sneinsfuotbal ferlitte (docht de grafyk it net goed, klik dan hjir)
De KNVB is net fernuvere oer it weromrinnen fan it tal Fryske amateurklups dat op snein fuotballet. "Het afnemend aantal zondagteams is een ontwikkeling in het standaardvoetbal die we al langer zien", lit wurdfierder Daan Schippers witte.
Foarich jier hat de KNVB ûndersyk dien binnen it amateurfuotbal yn Nederlân nei it sneons- en sneinsfuotbal. Dêryn komt nei foaren dat spilers hieltyd leaver op sneons fuotbalje yn stee fan op sneins. Dêrom is it saneamde horizontaal oerstappen mooglik makke.
Hokker klups ha it mei it earste alvetal it sneinsfuotbal ferlitten sûnt 2007? (komt de kaart net goed yn byld, klik dan hjir)
Dat hieltyd mear klups de sneins ferlitte, soarget derfoar dat klups dy't oerbliuwe faak fierder reizgje moatte by útwedstriden. Tsjinstanners yn 'e omkriten binne der hieltyd minder.
Neffens foarsitter Hoekstra fan Frisia is it fuotbaljen op de sneins de lêste jierren net oantrekliker wurden. "In de eerste en tweede klasse op zaterdag heb je veel interessante partijtjes in de regio. Dat is aantrekkelijker dan onze competitie."
"Nu Frisia en FVC ook stoppen op de zondag, wordt het alleen maar erger voor de achterblijvende clubs."

KNVB: gjin noed

Neffens de KNVB is it gjin soarchlike ûntwikkeling dat der kommend seizoen yn Fryslân mear klups foar de sneons as spyldei kieze. Sterker noch: it fuotbalbûn tinkt dat hjirtroch mear fuotballers aktyf bliuwe yn de sport.