Kameratafersjoch yn Ljouwerter Vlietsône bliuwt

It kameratafersjoch yn de Vlietsône yn Ljouwert wurdt mei in jier ferlinge. It Wykpanel, Stichting Vlietvaardig en Stichting Strong ID binne troch de gemeente heard en sy fine it tafersjoch op dizze lokaasje winsklik.
Ien fan de kamera's op de krusing fan it Keetwaltje mei de Willem Loréstraat © Omrop Fryslân
De trije partijen ûnderstreekje wol dat it tafersjoch tydlik bliuwe moat.
De kamera's hingje op de krusing fan de Bote van Bolswertstraat mei de Willem Loréstraat en op de krusing fan it Keetwaltje mei de Willem Loréstraat.
De ôfrûne moannen hat it Meldpunt Overlast Leeuwarden opnij sân meldingen fan oerlêst krigen. De plysje hat sels 28 kear yn aksje west.