Ynformaasjejûn oer needopfang WTC Ljouwert lûkt kwealik besikers

30 sep 2021 - 22:19

De ynformaasjejûn oer de komst fan in needopfang yn it WTC Expo luts tongersdeitejûn kwealik besikers. In tsiental minsken kaam del mei fragen of om har oan te melden as frijwilliger.

Foto: Omrop Fryslan, Hayo Bootsma

It is de bedoeling dat der op koarte termyn 600 flechtlingen húsfeste wurde. It giet om tydlike opfang fan seis moannen. Dat kin mei nochris seis moannen ferlinge wurde.

Met de donkere dagen zo voor de deur ga je dan toch anders uit het raam kijken.

Buertbewenner Jan de Jong

"Wat ze hier zeggen is toch dat het allemaal goed onder controle is en dat er weinig kans is dat er wat gebeurt." Dochs hat buertbewenner Jan de Jong syn soargen: "Ik vroeg of ze 's avonds ook over straat mogen. Ja, dat mag, zeiden ze. Nou met de donkere dagen zo voor de deur ga je dan toch anders uit het raam kijken. De rust is wat uit het hoofd weg."

Mix

In oare buertbewenner wol witte watfoar minsken no krekt komme. "Het zal gaan om een mix", seit Benny Schonewille fan it COA, it Centraal Orgaan opvang asielzoekers.

"Vooral gezinnen maar ook alleenstaanden. Denk dan aan mannen en vrouwen. We kijken bij de gezinnen nog naar wat past. Moet je hier bijvoorbeeld wel jonge baby's onderbrengen?"

Op 20 oktober kriget it COA de kaai fan de hal yn it WTC Expo. Dan wurdt fuort begûn mei it opbouwen fan de needopfang. Schonewille: "Omdat het gaat om noodopvang willen we dat snel klaar hebben. Denk dan aan één, maximaal twee weken later dat de eerste vluchtelingen aan gaan komen."

Stipe út de buert

Dat der kwealik minsken op de gearkomste ôfkomme jout Schonewille mingde gefoelens. "Aan de ene kant hoor ik graag waar de angst zit, of de vragen. Dan kun je ze beantwoorden en mensen misschien geruststellen. Het geeft aan de andere kant ook aan dat mensen het wel goed vinden en er geen moeite mee hebben."

Ut de buert sels komt ek stipe. It wykpanel Vosseparkwijk wol witte hokker bern der komme. Se wolle lykas it wykpanel earder yn 2015 'kluspakketsjes' meitsje sa't se wat om hannen ha.

Permaninte lokaasje

It COA is yn Ljouwert op it stuit noch op syk nei in permaninte lokaasje foar de opfang fan asylsikers. Dy syktocht hat oant no ta noch neat opsmiten.

Boargemaster Buma fynt ek dat dy twa saken skieden wurde moatte: "Ik ha tsjin it COA sein dat se foaral trochgean moatte mei dy syktocht, mar dat it net sa wêze kin dat beide tagelyk iepen binne. Dêr ha wy as gemeente de kapasiteit net foar. Dus in permaninte lokaasje komt der net foar't de needopfang fuort is."

(Advertinsje)
(Advertinsje)