Opposysje yn Ljouwert net tefreden mei begrutting: "Dit kolleezje is útregearre"

30 sep 2021 - 21:50

De opposysje fan de gemeente Ljouwert is net tefreden oer de begrutting fan 2022. "Teloarstellend", typearret Otto van der Galiën fan Lijst058 de finansjele plannen foar folgjend jier.

"It is dúdlik dat dit kolleezje útregearre is, it is fleis noch fisk", seit Van der Galiën oer de begrutting. "Dat fine we hiel teloarstellend. Der binne problemen, dy moatte je dan ek no oanpakke en net útstelle."

Mear ynvestearje yn ûnderhâld

Van der Galiën wiist dêrby op it efterstallich ûnderhâld fan de diken, benammen de fytspaden. "As je sjogge nei de steat fan ûnderhâld, dan is der in hiel soad te dwaan. Hie dêr no in slach yn makke", winsket Van der Galiën.

Dat de diken te winskjen oerlitte, is ek by wethâlder finânsjes Hein Kuiken dúdlik. "By tuskentiidske skôgjen hat bliken dien dat we op guon plakken net oan de easken foldogge."

Hoewol't der 5,5 miljoen euro ekstra stutsen wurdt yn it ûnderhâld, fynt Jan-Willem Tuininga fan de FNP dat net genôch. "Wy ha sa'n oergryslik soad meldings krigen fan trottoirs dy't der út lizze, dat konstatearret de boarger fuort."

Jild ferdiele

Der is in soad jild yn kas, mar Tuininga ferwachtet dat de kommende jierren net in soad ynvestearre wurde sil. "Romte foar moaie dingen is der kommende jierren net. Der binne genôch saken dy't wy feroarje wolle, dan moatte je it jild oars ferdiele."

"Wy roppe al jierren dat de wentebou yn de doarpen foarm krije moat. Dat jildt ek foar de grienfoarsjennings. Wêr lizze de prioriteiten?", freget Tuininga him ôf.

Gjin besunigingen

Goed nijs is der ek, seit wethâlder Kuiken. "Als je kijkt naar de afgelopen jaren, heeft Leeuwarden voor twintig miljoen moeten bezuinigen. Dat hoeft nu voor het eerst in lange tijd niet."

Dêr't oare gemeenten noch hieltyd ynkrimpe moatte, is dat yn Ljouwert dus net it gefal. "We hebben al heel erg de tering naar de nering moeten zetten, wellicht dat nu bijdraagt dat we er goed voorstaan", ferklearret Kuiken.

'De boel moat op 'e kop'

Lijst058 hopet noch wat dingen feroarje te kinnen oan de begrutting, benammen op it gebiet fan de fytspaden. Tuininga ferwachtet dat dat net slagget. "De ferkiezings komme deroan, dus amindeminten sille net oannaam wurde."

Mar, der komt in twadde kâns: by it oantreden fan in nije koälysje sille der dingen feroarje. "Dan moat de boel dochs op 'e kop", foarseit Tuininga.

(Advertinsje)
(Advertinsje)