IM easket selstraf foar besykjen ta deaslach op man út Doanjum

30 sep 2021 - 21:10

It Iepenbier Ministearje hat in selstraf fan tweintich moannen, wêrfan njoggen ûnder betingst, easke tsjin in ynwenner fan Rie. Dy soe op 26 juny fan dit jier in man út Doanjum ferskate kearen tsjin de holle skopt ha. Justysje giet út fan it besykjen ta deaslach.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De mishanneling soe west ha nei in keatswedstriid, dy't troch freonen fan de fertochte wûn wie. De man ried mei syn pick-up in soarte fan eareronde troch it doarp, wêrby't er der efterbannen 'spinne' liet. Dat soarge foar in klapbân. It lettere slachtoffer woe de fertochte oansprekke op de oerlêst dy't hy feroarsake.

Neffens in grut tal tsjûgen sloech de Riester it slachtoffer fuortendaliks del. Doe't de man bewusteleas op de grûn lei, soe de fertochte him ferskate kearen hurd tsjin de holle trape hawwe. Neffens de fertochte sloech it slachtoffer him en sloech hy werom. Hy seit dat er de man net tsjin de holle trape hat.

Strafblêd

De Riester hat in strafblêd, mei dêrop in pear geweldsdelikten. Neffens de reklassearring wie der elke kear alkohol yn it spul. Hy hie krekt in proeftiid efter de rêch doe't it ynsidint yn Doanjum barde. Neist in behanneling easke de offisier in alkoholferbod en in kontaktferbod mei it slachtoffer.

De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.

Trefwurden: 
Rie deaslach Doanjum
(Advertinsje)
(Advertinsje)