Dokkum krijt in testlokaasje foar coronatagongsbewizen yn De Trimmer

Tenei kinne minsken ek yn Dokkum terjochte foar in coronatagongsbewiis. Yn de âlde sporthal De Trimmer oan de Hurddraversdyk wurdt freed in testlokaasje iepene. Yn Fryslân wiene der al tolve 'Testen voor Toegang'-lokaasjes.
© ANP
Dizze lokaasjes binne foar minsken dy't net faksinearre binne, mar dy't bygelyks wol nei in evenemint wolle en in bewiis nedich hawwe dat sy frij binne fan it coronafirus.

Reistiid beheine

It noardeasten fan de provinsje moast foar in tagongsbewiis oant no ta nei Ljouwert of Drachten. Foar minsken út De Skâns by Eanjum betsjutte dat bygelyks dat sy hast 40 minuten ride moasten om yn Drachten in test te heljen. Foar minsken dy't ôfhinklik binne fan it iepenbier ferfier, soe de reistiid noch langer wêze. Mar mei de sneltestlokaasje yn Dokkum is dat probleem no oplost.
De lokaasje is ta stân kaam yn opdracht fan it Ryk, yn oerlis mei gemeente Noardeast-Fryslân en Stichting Open Nederland. Minsken kinne der allinne mei in ôfspraak terjochte.