Gemeente Harns skat skulden fan slachtoffers taslagge-affêre frij

De gemeentlike skulden fan ynwenners fan Harns dy't slachtoffer wurden binne fan de taslagge-affêre wurde frijskat. Dat hat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente besletten.
© Gemeente Súdwest-Fryslân
Hjirmei folget Harns de gemeenten Waadhoeke en Hearrenfean, dy't ditselde beslút earder al namen.
Gemeentlike skulden binne bygelyks net-betelle ûnreplikesaakbelesting of in iepensteande foardering by de sosjale tsjinst. It giet dus net om skulden by tredden.
Mei it beslút rint de gemeente foarút op de 'Verzamelwet hersteloperatie toeslagen', dy't op 1 jannewaris yngiet.
Ynwenners dy't yn oanmerking komme foar frijskatting wurde troch de gemeente sels benadere.