Demisjonêr minister Dekker wol net op 'e nij nei tariven rjochtbanktolken sjen

30 sep 2021 - 19:35

Demisjonêr minister Sander Dekker fan Justysje fielt der neat foar om op 'e nij nei de tariven fan de rjochtbanktolken te sjen. Hy sei dat tongersdei yn de Twadde Keamer nei oanlieding fan keamerfragen, oer it ophâlden fan Fedde Dykstra as rjochtbanktolk Frysk.

De Keamer stelt fragen oer tolken en rjochtspraak

Oer it ophâlden fan Dykstra as tolk hiene CU, D66 en SP krityske keamerfragen steld. Sa frege CDA-keamerlid Hilde Palland de minister om de provinsje Fryslân tusken de Fryske rjochtbanktolken en justysje bemiddelje te litten. "Praten kan natuurlijk altijd", sa sei de demisjonêr minister, "maar we gaan niet de discussie over de tolkentarieven over doen vanwege één enkel geval."

"Geen exotische taal"

Neffens Dekker is it ek no altyd mooglik om immen dy't foar de rjochter komme moat Frysk prate te litten as hy of sy dat wol. "Er is een aanzienlijk aantal Friessprekende rechters bij de rechtbank Noord-Nederland en het gerechtshof Leeuwarden-Arnhem. Als je die koppelt aan Friessprekende verdachten is er geen probleem."

Yn it gefal dat der dochs in tolk nedich is, kin dat neffens Dekker ek in oar wêze as ien fan de trije registrearre tolken. "Fries is niet een exotische taal van ver weg. Mensen die kunnen tolken zijn wel te vinden."

Kneppelfreed

Dat Frysk prate op de rjochtbank 70 jier nei Kneppelfreed ynienen wer in kwestje is, seit de minister neat. "Kneppelfreed? Bent u mij aan het verhoren of zo? Ik heb daar nog nooit van gehoord!" Op de útlis oer de rjochtsaak mei Fedde Schurer fan 1951, de dêrop folgjende erkenning fan it Frysk en it oansteande jubileum reagearret de minister optein. "Ik hoop dat ik een uitnodiging krijg!"

"Ik vind dat mensen die naar Friesland verhuizen zich best wel mogen inspannen om Fries te leren, ook als ze bij de rechtbank werken. Als iedereen dat nou doet, dan hebben we geen probleem. Neem bijvoorbeeld jullie commissaris van de koning. Die komt helemaal niet uit Friesland en moet je nu eens horen."

De reaksje fan demisjonêr minister Dekker op de keamerfragen

SP-keamerlid Michiel van Nispen sei nei de gearkomste dat er it tige ûniens is mei de reaksje fan de minister op de tolkekwestje. "Ik denk dat er juist wel naar de tarieven gekeken moet worden. Als je kwaliteit wilt zul je de mensen fatsoenlijk moeten betalen."

Mensen hebben het recht om Fries te spreken en de overheid dient dat te faciliteren.

SP-keamerlid Michiel van Nispen

It keppeljen fan Fryske rjochters oan Frysje fertochten is neffens Van Nispen net altyd in oplossing. "Bij een proces zijn zoveel partijen betrokken, dat je altijd de kans hebt dat iemand geen Fries bestaat. In dat geval moet er een goede tolk zijn, want mensen hebben het recht om Fries te spreken en de overheid dient dat te faciliteren."

Michiel van Rispen (SP) en Mirjam Bikker (CU) oer de keamerfragen oer de Fryske rjochtbanktolken

(Advertinsje)
(Advertinsje)