Helte Fryske ferieningen somber oer takomst

Ferieningen hawwe it dreech om leden fêst te hâlden. Dat docht bliken út nij ûndersyk fan it Frysk Sosjaal Planburo. De helte fan alle ferienings hat grutte soargen oer it bestean.
It Planburo jout it advys om mear gear te wurkjen:
Fan sportklup oant muzykferiening, oeral is it itselde byld. Troch fergrizing en tanimmend yndividualisme, mar ek troch minder subsydzjes en mear regels hawwe klups en ferieningen it dreech. It Frysk Sosjaal Planburo (FSP) hat dêr ûndersyk nei dien.

Mienskip

Undersiker Jesse David Marinus fertelt dat de oanlieding fan it rapport de trend is dat ferieningen minder leden hawwe. Doe't se dêrop trochfregen, kaam derút dat der minder frijwilligers en ynkomplete bestjoeren binne, en dat de klups en ferieningen problemen hawwe mei de finânsjes.
Mei de partners Doarpswurk, Sport Fryslân en Keunstwurk hawwe se bepraat wat der barre moat. Minsken wurde lid fan in feriening foar de gesellichheid en de sosjale kontakten. As der minder leden binne, wurdt dat dreger. Wat docht dat mei de mienskip, freget Marinus him ôf.

Oplossingen

It ûndersyk is dien ûnder mear as 400 ferieningen. Fan doarpsferieningen oant keunst-, kultuer- en sportferieningen. Wat de ferieningen dwaan kinne is freegje wat de leden graach wolle. Hoe kin de moetingsfunksje fersterke wurde? En mear gearwurking soe ek in oplossing wêze kinne. Bygelyks ien bestjoer foar meardere ferienigingen of klups.
Jesse David Marinus, Frysk Sosjaal Planburo