Roemeenske liuwen foar Nijeberkeap: "Er werd in een achtertuin mee gefokt"

30 sep 2021 - 17:33

It wie in poepetoer foar de minsken fan biste-opfang FELIDA yn Nijeberkeap: de rêdingsaksje fan leafst sân liuwen út Roemenië. "Met de leeuwen gaat het gelukkig goed, maar het was een zeer gecompliceerde operatie", fertelt Juno van Zon fan de opfang.

Foto: Stichting VIER VOETERS

Van Zon is tongersdei de hiele dei op 'en paad mei de liuwen, dy't ûnder in roeske yn in frachtwein meinommen wurde nei Nijeberkeap. "We hebben er al een hele lange rit op zitten, we zitten al op de vijftien uur", leit Van Zon út. We hebben in Hongarije overnacht, maar er staat ons nog een lange dag te wachten."

Mear liuwen tagelyk ferdôvje

Om de liuwen mei te krijen, moasten der meardere liuwen tagelyk ferdôve wurde. "Dat wil je normaliter liever niet doen. Maar de veiligheid en de situatie dwong het zo dat we snel en veilig moesten handelen", seit de bistefersoarger. Neffens Van Zon binne de liuwen no rêstich.

Deze leeuwen zaten bij mensen in de achtertuin, in een klein dorp. Er werd ongecontroleerd gefokt met deze dieren.

Juno van Zon fan FELIDA

Van Zon leit út hoe't er de liuwen oantrof yn Roemenië: "Deze leeuwen zaten bij mensen in de achtertuin, in een klein dorp. Er werd ongecontroleerd gefokt met deze dieren, het begon met twee en eindigde met negen dieren. Er zaten vijf dieren in één verblijf, in totaal hebben we er zeven moeten redden."

Fokprobleem

Der waard mei de liuwen fokt. "Dit is echt een Europees probleem, waarbij dieren tussen verschillende private eigenaren worden uitgewisseld en verhandeld. Dit is een voorbeeld van hoe zulke dieren terecht kunnen komen."

Foto: Stichting VIER VOETERS

Njonken de ûnfeilige hokken wie it grutste probleem dan ek it oertsjûgjen fan de eigeners. "Maar de situatie heeft hen uiteindelijk wel in laten zien dat dit niet oké voor de dieren is."

Har situaasje wie hopeleas, mar it wie dreech om de liuwen mei te nimmen om't de eigener in fergunning hat.

Juno van Zon fan Felida

Yn de opfang fan FELIDA yn Nijeberkeap wurde de liuwen earst ûndersocht. Sy kinne dêrnei stadichoan wenne oan de ferbliuwen en wer op it goede paad traind wurde. "De dieren die gezond zijn hopen we op korte termijn naar Zuid-Afrika te brengen. De dieren met meer gezondheidsproblemen zullen in FELIDA blijven."

Bistweardich libben

Simba is ien fan de âldere liuwen, dy't yn Nijeberkeap bliuwe moat. "Bij Simba kunnen we duidelijk zien dat hij chronische problemen en vergroeiingen heeft. Het is het resultaat van het met de hand willen voeren, met verkeerd voer. Dan krijg je dit soort narigheid. Simba zal waarschijnlijk de rest van z'n leven speciale zorg nodig hebben. We passen een verblijf voor hem aan, we ervoor zorgen dat hij toch een dierwaardig leven kan hebben." Wa't dat wol, kin dêr ek in bydrage oan leverje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)