Kolleezje De Fryske Marren wol azc Balk twa jier langer iepenhâlde

It kolleezje fan De Fryske Marren sil de gemeenteried foarstelle om it azc yn Balk twa jier langer iepen te hâlden. It azc soe op 1 oktober offisjeel har doarren slute.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
It COA hat de gemeente frege om langer iepen te bliuwen, om't der op dit momint in grutte ynstream fan flechtlingen is. It COA is op it stuit fanneed dwaande om opfanglokaasjes yn evenemintehallen yn te rjochtsjen.
It kolleezje fan De Fryske Marren fynt dat lykwols 'een zeer schrijnende situatie' en sjocht it dêrom as har maatskiplike plicht om opfang te bieden oan minsken yn need. "Om in deze tijd een volledig ingericht en operationeel asielzoekerscentrum te sluiten is onwenselijk", lit it kolleezje witte.

Draachflak

It azc yn Balk hat der yntusken fiif jier stien. Ofrûne simmer hat noch bliken dien dat der net genôch draachflak wie om it langer iepen te hâlden.
De gemeente wol dêrom nije wike tongersdei omwenners fan it azc en oare belanghawwenden graach de mooglikheid jaan om mei de gemeente en it COA yn petear te gean.
De rie behannelet it foarstel yn de riedsgearkomste fan 27 oktober.
Boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren oer it azc yn Balk: