Sân liuwen út Roemenië ûnderweis nei opfang FELIDA yn Nijeberkeap

30 sep 2021 - 15:35

Sân liuwen út Roemenië binne ûnderweis nei FELIDA yn Nijeberkeap. De opfang foar grutte kateftigen sil de liuwen de kommende tiid ûnderdak jaan.

Foto: Facebook: FELIDA Big Cat Sanctuary

It giet om Elza fan seis jier, Simba fan trije jier en harren trije bruorkes en twa suskes fan noch mar twa jier âld. De sân liuwen libben yn Roemenië ûnder minne omstannichheden en hawwe spesjalistyske medyske soarch nedich.

As de fiif jongste liuwen sûn genôch binne, meie se troch nei in reservaat yn Súd-Afrika. De twa âldste liuwen hawwe al te lang skieden west fan de groep en bliuwe dêrom yn Nijeberkeap.

Op it stuit sitte der ien liuw en ien tiger yn de opfang. Yn de ôfrûne jierren binne der fyftjin grutte kateftigen út Nijeberkeap oerbrocht nei Súd-Afrika.

Trefwurden: 
Felida Nijeberkeap liuw liuwen
(Advertinsje)
(Advertinsje)