FIDEO: Jentsje Popma (100): geheim fan lang libben sit him yn rêst fan it wurk
De Fryske keunstner Jentsje Popma is tongersdei 100 jier wurden. Boargemaster Sybrand Buma kaam by him thús del yn Ljouwert. Neffens Popma sit syn geheim fan in lang libben yn de rêst fan syn wurk. Spesjaal foar dit jubileumjier binne yn Ljouwert en yn Oranjewâld wurken te sjen fan Popma.