Jouster McDonald's kundiget nije juridyske stappen oan om mêst

Utbater Ronald Zuiderveld fan de McDonald's op 'e Jouwer is bot teloarsteld oer it beslút fan de gemeenteried fan De Fryske Marren. De ried wol gjin hegere reklamemêst foar Zuiderveld syn restaurant by De Jouwer tastean.
© Omrop Fryslân, Sian Wierda
"Dit trajekt rint al 3 jier", seit Zuiderveld. "Ik ha oeral oan meiwurke en sels alris gelyk krigen fan de Ried fan Steat oer it werom pleatsen fan in sichtbere mêst. It kolleezje en de provinsje wiene al akkoart."

'Fjirdepart minder klanten'

De gemeenteried fan De Fryske Marren besleat woansdei dat de mêst net heger mei. Zuiderveld woe dat wol graach, omdat de mêst neffens him minder goed te sjen is nei de oanpak fan it knooppunt. Dat kostet him klanten en omset, seit er: tusken de 25 en 30 prosint. "Hjir wurken 124 minsken, no noch 80. Rekkenje mar út."
Zuiderveld woe in mêst fan 30 meter heech. Yn it besteande bestimmingsplan is 22 meter tastien.
It beslút fan de ried betsjut net dat de mêst perfoarst net op 30 meter komt. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders moat 'm no útsprekke oer it riedsbeslút. It meast logyske is wol dat dy it beslút fan de ried folgje.
Zuiderveld sil nije juridyske stappen sette yn dat gefal.