Soarchferfiersbedriuw Kijlstra út Drachten ferfiert organen yn Noard-Nederlân

Kijlstra Soarchferfier fan Drachten mei de kommende fjouwer jier it transport fan organen fersoargje yn Noard-Nederlân. It bedriuw is by in Europeeske oanbesteging as bêste út de bus kaam.
© Kijlstra Soarchferfier
Kijlstra wurdt no ferantwurdlik foar it koördinearjen en útfieren fan it ferfier fan organen en ek fan de transplantaasjeteams. It bedriuw hat dêr al ûnderfining mei. Se dogge al fjirtjin jier lang sokke ritten foar Witte Kruis Transport yn Den Haag.
De opdracht dy't it Drachtster bedriuw no krigen hat, betsjut dat der mear personiel oanlutsen wurde moat.