Walrus leit no oan de wâl yn Harns: "Belangrijk dat ze rust krijgt"

30 sep 2021 - 10:23

De walrus dy't koartlyn sjoen is by Skiermûntseach, leit no op 'e wâl by Harns. Se is dêr oan it rêsten.

De walrus lûkt in soad minsken:

Saakkundigen fan Zeehondencentrum Pieterburen en SOS Dolfijn geane derfan út dat it om deselde walrus giet dy't earder sjoen is by Skiermûntseach.

Dat in walrus yn de Fryske wetteren swimt, is bysûnder. Doe't se tsien dagen lyn sjoen wie by Skiermûntseach, wie dat foar it earst yn 23 jier dat in walrus sjoen is yn Nederlân.

De walrus is ferwûne oan de foarpoaten, guon Harnzers meitsje har dêr soargen oer. Dat is net nedich, seit Sander van Dijk fan Zeehondencentrum Pieterburen. "Een poosje geleden werd ze gezien bij Duitsland. Toen waren de wonden verser. Nu lijken de wonden te helen."

Het trekt bekijks, maar het is belangrijk dat ze rust krijgt.

Sander van Dijk (Zeehondencentrum Pieterburen)

It gebiet yn Harns is ôfset, om de walrus gewurde te litten. "Het trekt bekijks, maar het is belangrijk dat ze rust krijgt."

Oant en mei Spanje

Al moannen wurde walrussen op bysûndere plakken sjoen. Sa is koartlyn in jong walrussemantsje sjoen by Ierlân en Ingelân. "Dat mannetje heeft langs de hele westkust van Europa gezwommen, tot en met Spanje", seit Van Dijk. "Een heel mooi verhaal. In Ierland begon-ie zelfs op bootjes te kruipen."

It mantsje rekke op in bepaald stuit bûten byld, mar dûkte letter op yn Yslân. "We hopen ook dat dit vrouwtje uiteindelijk noordelijker gaat, maar het zou kunnen dat ze eerst ook verder naar het zuiden trekt."

Dat de walrussen sa fier súdlik sjoen wurde, is opmerklik. Der binne ferskate populaasjes fan walrussen op de wrâld, bygelyks boppe Skandinavië en by Grienlân. Yn de praktyk ferlitte walrussen it poalgebiet noait. Sy kinne wol lange ôfstannen swimme.

Richard Bijman fan de biste-ambulânse fertelt oer de walrus:

Wêrom't guon walrussen sa fier súdlik ôfsakje is net bekend. It soe wêze kinne dat se op syk binne nei iten of it paad bjuster binne troch it lûd fan skippen, sei ûndersiker Sophie Brasseur fan de universiteit fan Wageningen earder.

Se hopet ek dat minsken de walrus net opsykje. "Ik zou genieten van de beelden die toevalligerwijs gemaakt worden en er niet met z'n allen bovenop duiken. Laat de Waddenzee met rust. De kans dat hij verdwijnt als er allemaal mensen zijn is alleen maar groter."

(Advertinsje)
(Advertinsje)