Dokkum hat neat te kleien: lytse ûndernimmers fêstigje har dêr graach

30 sep 2021 - 08:55

Hieltyd mear ûndernimmers fêstigje har yn Dokkum, fernimt de ûndernimmersferiening yn de stêd. De ôfrûne moannen binne der ferskate nije winkels by kaam, lykas in fytshannel en in linzjerysaak.

Der komme nije ûndernimmers yn it sintrum fan Dokkum:

Andries Terpstra fan de ûndernimmersferiening leit út dat der ek hurd oan lutsen wurdt om Dokkum bekoarlik te meitsjen en te hâlden.

"As je in slach troch Dokkum rinne, dan sjogge je dat Dokkum in moaie âlde stêd is en dat Dokkum der in soad oan docht om it oantreklik te meitsjen. Troch it sintrum fleuriger te meitsjen en gastfrij te wêzen yn de winkels, meitsje je in goed klimaat foar ûndernimmers."

Lytse ûndernimmers

It binne benammen lytsere winkels dy't der yn Dokkum by komme. Terpstra: "Dat sil ek te krijen hawwe mei it lytsskalige. Der wenje mar sa'n 13.00 minsken. De minsken hawwe it dreech hân mei corona, mar it giet relatyf goed. Wy hawwe net te kleien as it bygelyks om leechstân giet."

Fan fytsen ta linzjery

Ien fan dy nije winkels is fytsesaak Volt Wheel yn de Boterstraat. Sy ferhiere ûnder oare elektryske fytsen en scooters. Bedriuwslieder Robbert Folkertsma hat bewust foar Dokkum keazen.

"Ik woon mijn hele leven al in Dokkum, maar zo'n zaak miste hier nog", seit er. "De laatste twee jaar is de fietsenmarkt geëxplodeerd. Dat is voor ons goed geweest, anders was de start een stuk lastiger. Fietsen zijn echt booming business."

Foto: Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude

Ek Andrea Bloem begûn koartlyn in winkel yn Dokkum, Lotus Lingerie. "Wij hebben ook een winkel op Ameland, daar kwamen veel vragen of we dit ook niet in Dokkum konden doen, van klanten uit deze omgeving. Toen hebben we het uitgezocht en uiteindelijk het besluit genomen om het toch te doen. Ik denk dat wij een ander assortiment bieden dan de andere lingeriezaak hier in Dokkum. Mensen zijn heel enthousiast."

Trefwurden: 
ûndernimmers Dokkum winkels
(Advertinsje)
(Advertinsje)