Fryslân iennige provinsje dy't noch read kleuret op Europeeske coronakaart

Nederlân kleuret tongersdei hast hielendal oranje op de kaart mei coronagefallen yn Europa. Allinnich Fryslân bliuwt read.
De kaart sjocht nei it tal én it persintaazje positive tests yn de ôfrûne twa wiken © ANP
Oranje is de op ien nei leechste warskôgingskleur op de kaart fan it ECDC, read de op ien nei heechste. It ECDC is de Europeeske sûnenstsjinst, te ferlykjen mei it RIVM. Alle tongersdeis komt de tsjinst yn de rin fan de dei mei in nije kaart.
Njoggen Nederlânske provinsjes wienen op de foarige kaart al oranje. Dêr komme Flevolân en Súd-Hollân no by. It ECDC sjocht nei it tal én it persintaazje positive tests yn de ôfrûne twa wiken.

Situaasje ek yn Fryslân better

De lêste kear dat Nederlân der as lân sa goed foarstie wie begjin july. It tal positive tests sakket de ôfrûne twa wiken dúdlik.
Dat jildt trouwens ek foar Fryslân: yn de ôfrûne twa wiken is it coronafirus fêststeld by goed 1.300 Friezen. Omrekkene binne dat 206 besmettingen op 100.000 ynwenners. By de kaart fan foarige wike lei dat noch 23 prosint heger. As Fryslân de goede trend trochset, is ús provinsje takom wike ek oranje.
Lannen brûke de kaart fan it ECDC om har belied te bepalen. Doe't Nederlân yn july bygelyks donkerread kleure, wie dat foar Dútslân en Frankryk oanlieding om strangere regels te brûken as Nederlanners de grins oerstekke woenen.