Oplossing foar it keamertekoart yn Ljouwert stiet op in yndustryterrein

30 sep 2021 - 07:00

It grutte tekoart oan wenromte foar studinten yn Ljouwert kin maklik oplost wurde. Dat seit ûndernimmer Eric Kooistra fan Dokkum. Hy hat yn Ljouwert 265 wenkonteners stean wêrmei't de grutste húsfestingsproblemen hast fuortendaalks oplost wurde kinne.

De opslach foar de kontenerwenten yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslan, Hayo Bootsma

Je kinne se suver net misse as je oer de Planetenlaan yn Ljouwert ride: de lytse 300 kontenerwenten fan Kooistra. Sy steane dêr al in skoft te wachtsjen op in nije bestimming. Eric Kooistra kin net wachtsje se te pleatsen. "Ik tink dat it in goede tydlike oplossing wêze kin."

Der is ynteresse út de gemeente Ljouwert wei. Mar it komt noch net fan de grûn. "Wêrom net?", seit Kooistra. "De hegeskoallen sjogge it net as har taak en de gemeente is drok mei oare problemen. De húsfesting fan statushâlders, flechtlingen en it bouwen fan huzen. Ljouwert docht it goed en it sit hjir dus bomfol."

Ljouwert is net de iennige stêd

Kooistra hat in 1.100 kontenerwenten. In oantal is al bewenne en stiet op it terrein fan de SuikerUnie yn Grins. Dêr sitte benammen bûtenlânske studinten. "Dy hawwe der dêr in eigen community fan makke", seit Kooistra. "Alles sit der yn. Je hawwe in bêd, wc, dûs en in keuken. Je betelje in bedrach, mar dat is ynklusyf nutsfoarsjenningen en ynternet."

Ek yn Enschede wurde nei alle gedachten ynkoarten 230 kontenerwenten pleatst. "Der is by de universiteit in grut ferlet oan wenromte. Mar dat is net it iennichste plak. Wy hawwe oanfragen út Vlaardingen, Delfzijl en Den Helder. We hawwe it drok."

Kontenerwenten yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslan, Hayo Bootsma

It kostet trije moannen om de konteners te pleatsen. It is tydlike wenromte, mar dat is in rom begryp. "Je moatte tinke oan in 10 jier. Dan kin it goed út."

Burokrasy

De grutste problemen sitte yn de burokrasy: "It is gjin ûnwil fan gemeenten en amtners. It is allinnich in produkt dat net gewoan is. Der binne hjin reguliere programma's foar. Yn Grins hawwe sy dit omearme, binnen twa trije wiken hiene wy in fergunning en trije moannen letter stiene de wenten dêr", seit Kooistra.

Eric Kooistra oer de kontenerwenten

Dochs soe hy sels graach sjen dat de regels makliker makke wurde. "Dat soe op in soad plakken in moaie tuskenoplossing wêze."

Asylopfang

Neffens Kooistra is it ek net nedich om asilsikers op te fangen yn it WTC Expo yn Ljouwert. Dêr moat ynkoarten in needopfanglokaasje ynrjochte wurde. "Dat is eins net in fatsoenlik plak. Je hawwe dêr binnen gjin deiljocht. Dit soarte fan wenten sa't wy dy hawwe binne ek foar dizze groep poer geskikt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)