OERSJOCH: sa feroare de trochsneed WOZ-wearde yn dyn gemeente

30 sep 2021 - 06:00

De trochsneed WOZ-wearde fan in hûs yn Fryslân is yn it ôfrûne jier mei 8,42 persint omheech gien. Dat docht bliken út nije sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek. De heechste WOZ-wearden fan Fryslân binne te finen op de Waadeilannen, dêrnei komt Opsterlân.

Foto: ANP

Fryslân stiet op it tredde plak as provinsje dêr't de trochsneed WOZ-wearde prosintueel it meast omheech gie. Op ien stiet Flevolân mei 8,71 persint, op twa Súd-Hollân mei 8,43 persint en op trije Fryslân mei 8,42 persint.

In jier earder, fan 2019 op 2020, gie de trochsneed WOZ-wearde yn Fryslân mei 6,32 persint omheech.

Wat is de WOZ-wearde?

De WOZ-wearde is in skatten merkwearde fan in hûs. WOZ stiet foar Waardering Onroerende Zaken. De WOZ-wearde bepaalt hoefolle belesting en gemeentlike heffingen oft hûseigeners betelje moatte. Dan giet it bygelyks om wetterskipslêsten of ûnreplikesaakbelesting. De WOZ-wearde wurdt troch gemeenten bepaald mei in taksaasje, wêrby't soartgelike huzen mei inoar ferlike wurde. Der wurdt ek sjoen nei oerflakte, ynhâld en lizzing.

De minste tanimming binnen Fryslân wie yn de gemeente Waadhoeke. Dêr gie de gemiddelde WOZ-wearde mar mei 5 persint omheech. Ferline jier lei de WOZ-wearde dêr op 180.000 euro, dit jier op 189.000 euro.

Grutste tanimming yn Dantumadiel

Yn it ôfrûne jier is de trochsneed WOZ-wearde yn Dantumadiel it meast omheech gien, mei 10,88 persint. Dit jier leit de trochsneed WOZ-wearde dêr op 214.000 euro, wylst dat ferline jier noch op 193.000 euro lei.

Ek de gemeenten Ljouwert en Hearrenfean sitte mei 10,65 en 10,48 persint boppe de 10 persint.

Heechste WOZ op de eilannen, dêrnei yn Opsterlân

De heechste WOZ-wearden binne op de eilannen te finen. Skylge stiet mei 340.000 euro op it earste plak. Dêrnei komme Flylân mei 300.000 euro, Skiermûntseach mei 280.000 euro en Amelân mei 264.000 euro.

Nei de eilannen komt Opsterlân mei 260.000 euro, De Fryske Marren mei 258.000 euro en Hearrenfean mei 253.000 euro.

Op Skylge leit de trochsneed WOZ-wearde it heechst - Foto: Shutterstock.com (Bjorn Janson)

Oer hiel Nederlân leit de trochsneed WOZ-wearde op 1 jannewaris 2021 op 290.000 euro. Lanlik is dat 7 persint mear as in jier earder. It is de heechste trochsneed WOZ-wearde ea foar Nederlân.

De trochsneed WOZ-wearde de gemeente - Foto: CBS

Lanlik naam de tanimming minder hurd ta as it jier dêrfoar. Yn Fryslân naam it lykwols wol hurder ta. De grutste tanimming wie mei 12,4 persint nei 181.000 euro it meast yn Oldambt.

Lanlik

De heechste WOZ-wearde fan it lân is yn de gemeente Bloemendaal, dêr hawwe wenten yn trochsneed in WOZ-wearde fan 778.000 euro. Yn Pekela is de wearde mei 148.000 euro it leechst.

Foto: ANP

De WOZ-wearde folget de ûntwikkeling fan de prizen wêrfoar't besteande keapwenningen ferkocht wurde, mar dan mei in jier fertraging. Dat komt om't huzen taksearre wurde nei de wearde fan 1 jannewaris yn it jier dêrfoar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)