Aris ferliest fan Heroes, mar lit grutte fearkrêft sjen tsjin titelkandidaat

De basketballers fan de Ljouwerter ploech Aris hawwe op it kantsje ôf mei 83-90 fan Heroes Den Bosch ferlern. Foar de Ljouwerters gjin skande, want Heroes jildt as titelkandidaat en Aris wist him yn ferskate wedstriidfazen werom te fjochtsjen.
© Henk Jan Dijks
It wie in thúswedstriid op it Kalverdijkje foar Aris, mei de tredde wedstriid fan de nije BNXT League. Dat is de basketbalkompetysje fan België en Nederlân.
Aris hie it tige dreech tsjin Heroes Den Bosch, de ploech dy't sjoen wurdt as titelkandidaat. Heroes is op dit stuit de bêste Nederlânske ploech yn de stân. Yn de earste pear minuten bea Aris noch aardich wjerstân, oant 10-10. Doe gong it mis en sloech Heroes in flink gat.
By Aris moast Shaq Doorson al nei seis minuten nei de bank, om't er syn twadde persoanlike fout makke. Op dat stuit hie er al trije blocks efter syn namme en ien hurde dunk. It ferlies fan de center wie dúdlik te sjen by Aris: nei it earste kwart wie it 12-29 foar Den Bosch.

Mei 32-50 it skoft yn

Yn it twadde kwart kaam Aris even tichterby, oant in ferskil fan 11 punten. De stân by it skoft wie 32-50.
De Ljouwerters kamen mei in sterk tredde kwart werom ta 56-68. By de earste wedstriid, ôfrûne freed tsjin Donar, kaam Aris yn it fjirde kwart werom fan trettjin punten efterstân. Snein tsjin Feyenoord slagge dat krekt net.

Comeback

Tsjin Den Bosch kaam Aris ek in hiel ein, al rûn Den Bosch healwei it lêste kwart noch út nei in foarsprong fan 20 punten. Mei in comeback basearre op fearkrêft, wêrby't de skoares goed ferdield waarden tusken Doorson, Brock, Davis en Logan, brocht Aris it ferskil werom ta fiif punten.
Spannender liet Den Bosch it net wurde. Nei balferlies fan Maconda moast Aris oertredingen meitsje op Den Bosch om de tiid stil te lizzen. De besikers misten har frije worpen net en wûnen mei 90-83.
Freed 8 oktober komt Aris wer yn aksje, as Basketbal Academie Limburg op besite komt.

Box score Aris

Spiler Min Pts Ast Reb TO Stl Blk
Maconda 27:22 11 3 4 3 1 1
Logan 28:10 11 2 3 1 2 0
Davis 26:04 10 1 5 2 1 0
Doorson 31:43 9 2 6 2 0 3
Brock 32:37 21 4 3 2 2 0
Cooper 20:38 11 0 5 0 0 0
Brandsma 20:07 7 0 6 4 1 1
Hoeve 13:19 3 1 0 1 2 0