Gemeenteried stimt opnij tsjin hege reklamemêst McDonald's by De Jouwer

29 sep 2021 - 21:32

De reklamemêst by de McDonald's op De Jouwer mei fan de gemeenteried yn De Fryske Marren definityf net heger wurde. De ried stimde mei in romme mearderheid tsjin in ferheging fan 16 nei 30 meter.

De hjoeddeiske mêst by de McDonald's - Foto: Omrop Fryslân

De eigener fan it fastfoodrestaurant hie om in hegere mêst frege, om't de hjoeddeiske mêst sûnt de oanpak fan it knooppunt minder goed te sjen is fan de sneldyk ôf. Dat kostet him klanten en omset.

Der wurdt al jierren praat oer tastimming om de reklamepeal heger te krijen. Novimber ferline jier stimde de ried al tsjin. Der kaam lykwols in nije sjenswize en dêrom moast der ried der op 'e nij oer te set. Fan de oanwêzige riedsleden stimden 18 tsjin en 8 foar.

Ferfolchstappen

It betsjut net dat de mêst net op 30 meter komt. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders moat him no útsprekke oer dit riedsbeslút. It meast logyske is dat dy it beslút fan de ried folgje. De kâns is grut dat it fastfoodrestaurant dat dan wer oanfjochtsje sil by de Ried fan Steat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)