Waadhoeke wol arbeidsmigranten tichter by it wurk wenje litte kinne

29 sep 2021 - 20:55

It moat mooglik wêze om arbeidsmigranten ticht by har wurk, by kassen bygelyks, wenje te litten. Dat kaam nei foaren yn in evaluaasje dy't de gemeente Waadhoeke útfiere litten hat nei it húsfestjen fan arbeidsmigranten.

In man oan it wurk yn in kas - Foto: ANP

Yn Waadhoeke mei ien persint fan it doarp reservearre wurde foar arbeidsmigranten. "Mar wy witte ek dat de druk op de wenningmerk heger wurdt", leit wethâlder Nel Haarsma út, "Dus as je dan dochs grutskalige maatwurkfoarsjenningen meitsje kinne, dan is de druk der foar de doarpen wat ôf."

Gruttere wenfoarsjenning

Lang net yn alle doarpen hat in gruttere wenfoarsjenning kâns fan slagjen. "Wy hawwe soks wol yn ferskate doarpen besocht, mar wy koene net oeral rekkenje op draachflak fan omwenners. Der binne ynformaasjejûnen holden, dat is goed, mar minsken seine: om ús hoecht it net. Dy kar hawwe wy respektearre."

Mar op oare plakken wol it just wol, konkludearret Haarsma. "Yn Sint-Jabik is sein: de jierpelbeurs stiet der oars mar, dus arbeidsmigranten kinne der wol wenje."

Wethâlder Nel Haarsma fan Waadhoeke

It byinoar pleatsen fan arbeidsmigranten by it wurk sels hat syn foardielen, jout de wethâlder oan. "Los yn doarpen kinne sy har ek iensum fiele. Mar by kassen hawwe sy bygelyks inoar en wenje sy ticht by it wurk."

Maatwurk

De provinsje sjocht ek posityf nei de plannen, seit Haarsma. "Earder hiene wy maksimaal 50 minsken yn it bûtengebiet fêststeld, dat is wol omheech brocht. Meitsje der maatwurk fan en gean mei de omjouwing yn petear, sa is besletten. De provinsje seit ek dat sy der op in positive wize nei sjen wolle."

Fan yllegaal wenjen is neffens har net in soad sprake, mar it bliuwt wol dreech om arbeidsmigranten yn byld te hawwen. "Ardbeidsmigranten dy't hjir koart wurkje hoege har de earste fjouwer moannen net te registrearjen. Sa is dat lanlik regele, mar it hâldt wol yn dat je der net in soad sicht op hawwe." Haarsma skat sa yn dat dit yn Waadhoeke sa'n 70 persint fan de arbeidsmigranten is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)