HEA! Hekkelje en bierkes taapje mei Tiede

29 sep 2021 - 19:29

Tiede Rinsma (69) fan Akkrum hekkelet al 51 jier by boeren de sleatten skjin. "Ik hie nea tocht dat ik dit wurk salang folhâlde soe." De âld-ynwenner fan Poppenwier hie yn dat doarp jierren mei syn frou in kroech. "Nije bewenners út it westen fan it lân fûnen dat wy tefolle libben hiene, dat de kroech moast ticht." It docht noch altyd sear, mar de oantinkens bliuwe moai. "De boeren wienen soms om it hekkeljen sunich, mar jûns koe der altyd wol in ekstra bierke foarset wurde."

HEA! Hekkelje en bierkes taapje mei Tiede

Trefwurden: 
Hea! Tiede Rinsma hekkelje
(Advertinsje)
(Advertinsje)