Mear boeren kieze foar it ekologysk 'hekkeljen' fan sleatten

Om de planten te behâlden en de kikkerts en fisk net op te sûgjen, kieze stadichoan mear boeren derfoar om de sleatten op ekologyske wize skjin te meitsjen. In boeresleat wurdt gewoanwei hekkele mei in saneamde 'meankoer', mar dêrby giet in soad bioferskaat ferlern.
Sa wurdt in sleat ekologysk ferantwurde hekkele:
Durk Breeuwsma wurdt troch boeren ynhierd om de sleatten ekologysk te hekkeljen. "Der moat genôch wetter yn de sleatten stean en op dy wize kin ik bagger oer it lân spuitsje sûnder dat ik de bisten dêrmei pleagje", seit Breeuwsma.
© Omrop Fryslân
Hy brûkt in spesjale pomp om de bagger op te sûgjen en tagelyk oer it lân te spuitsjen. As de sleat breed en djip genôch is, kinne fisken en kikkerts fuortswimme en de bagger wurdt sekuer om de planten hinne opsûge. Sa hawwe de bisten de romte om neiteam te krijen en de planten om te groeien.

Bioferskaat

Troch de sleatten te hekkeljen en de bagger op ien kant fan de sleat te lizzen, is neffens Breeuwsma it wetter wol skjin mar binne kikkerts en fisken kwetsberder foar fûgels dy't se opite wolle en gean planten gauwer stikken.

It juste momint

It ekologysk himmeljen fan sleatten kin it bêste as it lân meand, beweide of bedonge is, seit Breeuwsma. Hy begjint faak yn maaie en makket oant ein oktober de sleatten skjin.
Mear bioferskaat meitsje giet stadich, mar Breeuwsma fynt it moai om in bydrage te leverjen oan in grutter ferskaat oan planten, fûgels, fisken en ynsekten yn de Fryske greiden.