Ferfolch-ûndersyk nei Lelyline en wenningbou Deltaplan komt yn desimber

29 sep 2021 - 19:44

It ferdjipjend ferfolch-ûndersyk fan Ryk en de noardlke provinsjes nei it 'Deltaplan van het Noorden' sil nei alle gedachten yn desimber klear wêze. Ricardo van Breemen, ien fan de ûndersikers, fertelde dat woansdei oan Provinsjale Steaten.

It trasee foar de Lelyline rint yn prinsipe lâns de A6 en A7 - Foto: Omrop Fryslân

It ferdjipjend ferfolch-ûndersyk fan Ryk en Provinsjes ûndersiket bygelyks oft it plan om yn kombinaasje mei de Lelyline 220.000 ekstra huzen te bouwen wol helber is. Neffens Van Breemen is der yn Fryslân 'fysyk' wol romte te finen foar 45.000 ekstra huzen, mar oft der ek ferlet fan is yn Fryslân en de rest fan Nederlân moat noch ûndersocht wurde.

Kontrôle op rapport

Mei-inoar binne leafst fiif ûndersyksburo's by it ferfolchûndersyk belutsen. Dit ûndersyk besiket yn it foarste plak om nei te gean oft alle gegevens út it rapport Bouwstenen voor het Deltaplan klopje. Fierder is ek in brede Maatskiplike Kosten Baten Analyze (MKBA) ûnderdiel fan it ferfolchûndersyk.

Mear by it proses belûke

Provinsjale Steaten waarden woansdei bypraat oer de krekte stân fan saken mei Deltaplan en Lelyline. Dat barde om't de provinsjale polityk de befolking graach mear by it proses belûke wol.

Foto: ANP

De Steaten tinke deroer nei om hjirfoar gebrûk te meitsjen fan de tsjinsten fan it Fries Sociaal Planbureau. Dat wurket mei in represintatyf panel fan 7.000 Friezen fan alle leeftiden en út alle hoeken fan de provinsje. Dat panel kin frege wurde nei it ferlet fan in flugge spoarline en wentebou.

No al hiel konkrete fragen stelle oer it Deltaplan en de stipe foar de Lelyline is lykwols dreech, salang't net dúdlik is oft it Ryk hjir wol yn ynvestearje wol, seit CDA-steatelid Maaike Prins. "Wy hawwe der noch gjin idee fan oft dy Lelyline der komt, dus in konkrete fraach foar of tsjin Lelyline kinne we noch net stelle."

Fragen stelle

Prins fynt it ynskeakeljen fan it FSP in goed idee, mar tinkt dat de fragen foarearst algemien bliuwe moatte. "Dan giet it om fragen as: hoe faak geane jo mei de trein en soe dat flugger moatte." Prins wol graach wite oft it Ryk is om te ynvestearjen yn de Lelyline, foardat Provinsjale Steaten hjir in soad tiid en enerzjy yn stekke.

CDA-steatelid Maaike Prins

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Steatelid Menno Brouwer fan de Partij voor de Dieren fynt dat je de minsken freegje moatte hoe't se de takomst fan Fryslân sjogge. "Het is heel belangrijk om de bevolking mee te laten praten. Maar vraag ze dan eerst wat voor regio Fryslân moet worden. Willen we een Friesland met snelle verbindingen met de Randstad, of zetten we meer in op behoud van rust, ruimte en identiteit?"

Brouwer is fan betinken dat je hjir earst in 'yntegraal plan' foar meitsje moatte om oanslutend nei te gean oft in flugge spoarline dêr wol of net yn past.

Menno Brouwer fan de Partij voor de Dieren

Njonken de Partij voor de Dieren wrakselet ek GrienLinks mei Deltaplan en Lelyline. "Wij staan er dubbel in, laat ik dat maar toegeven", seit Steatelid Elsa van der Hoek. "Wij zijn voor openbaar vervoer en voldoende betaalbare woningen, maar wij kijken kritisch naar de gevolgen voor natuur, landschap en leefbaarheid. De Lelylijn mag niet ten koste van alles gaan."

Lykas de measte partijen yn de Steaten fynt ek GrienLinks it in goed idee om de befolking te freegjen nei har miening.

Elsa van der Hoek fan GrienLinks

(Advertinsje)
(Advertinsje)