Sterke man Kelvin de Ruiter út Surhústerfean ûnderweis nei de wrâldtop

Hy makket ynternasjonaal hieltyd mear furoare; sterke man Kelvin de Ruiter fan Surhústerfean. Syn ultime doel: takom jier by de sterkste manlju fan de wrâld stean. Ferline wike waard De Ruiter yn Kiev foar de tredde kear wrâldkampioen frachtautolûken.
Sterke man Kelvin de Ruiter:
It is in drokke tiid foar de sterke man, dy't ek noch as selsstannige yn de bou wurket en syn eigen sportskoalle hat. Yn dy sportskoalle, de Big Boss Gym op De Harkema, traint De Ruiter foar syn ynternasjonale toernoaien. De ôfrûne moannen hat er hiel wat oeren yn it fleantúch sitten nei ferskate wedstriden.
"Door de corona is het seizoen pas in juli begonnen", fertelt De Ruiter. "Alle wedstrijden die je normaal in een jaar speelt, moeten worden ingehaald. Ik zit momenteel vrijwel elke week in het vliegtuig."
© Omrop Fryslân, Mats Gies
Ofrûne augustus waard Kelvin de Ruiter foar de twadde kear de sterkste man fan Nederlân. No't er yn eigen lân oan de top stiet, besiket er ek ynternasjonaal hieltyd fierder te kommen. Oant no ta giet dat mei sukses, mar begjin novimber hopet De Ruiter noch in grutte titel ta te heakjen oan syn palmares: de Strongman Champions League.
"Dat zijn de wedstrijden die over de hele wereld worden gehouden", fertelt er. "De finaledagen zijn op 6 en 7 november en ik sta nu eerste op de ranglijst. Ik ben de eerste Nederlander die echt kans maakt deze wedstrijd te winnen."
© Omrop Fryslân, Mats Gies