Boeren yn Súdwest-Fryslân meitsje op in nije wize kompost

Troch ôffal fan snoeien, fan it meanen fan bermen en fan hekkelwurk spesjaal te ferwurkjen, meitsje boeren yn Súdwest-Fryslân op in nije wize kompost. Dy foarm fan sirkulêre lânbou kin op gruttere skaal opset wurde.
Hoe't boeren op nije wize kompost meitsje:
Oars wie it gewoan ôffal dat ferbaarnd waard. Mar troch de planteresten te ferwurkjen yn in masine dy't der in soad soerstof trochhinne mjukst, ferrottet it net en ûntstiet in rike kompost. Om't boeren it sels op it lân útride, bliuwe wichtige grûnstoffen yn de regio.

Gjin útspieling

Neffens Klaas Lanting fan de Stichting Agrarisch Groenbeheer, dy't ûnder oare de kwaliteit garandearret, is it goed foar de omjouwing: "Omdat der gjin útspieling is fan stikstof nei it grûn- of oerflakwetter, is it goed foar it miljeu. Dêrneist is der opslach fan koalstof yn de grûn en dat is wer yn oerienstimming mei de klimaatproblematyk."
Op de prosestechnology út Eastenryk wei, sit patint. Stichting Agrarisch Groenbeheer soarget foar sertifikaten foar boeren, lykas by Pieter van der Valk yn Ferwâlde. Dy seach der wol wat yn.
"Ik tink dat de boaiem hjir foardiel fan hat. Plus dat we in begjin meitsje mei it werombringen fan nutriïnten. Dy binne om ús bedriuw hinne beskikber en dy bringe we no wer yn de grûn dêr't we sels fan ite. Dat is in moaie funksje", fynt de melkfeehâlder.
Boer Pieter van der Valk
Omdat it grien út bermen en sleatten as ôffal sjoen wurdt, jilde der allegearre regels foar. Van der Valk en de oare boeren hawwe Stichting Agrycycling oprjochte om binnen de regeljouwing wurkje te kinnen. Dat is nei oardel jier slagge. De earste lichting kompost sjocht der goed út.

Súdeast-Fryslân

Yn Súdeast-Fryslân wolle se dizze foarm fan sirkulêre lânbou ek opsette. De agraryske natuerferiening ELAN is hjir al jierren mei dwaande, mar fanwege de wetten en regels is it noch net slagge. Se sjogge no nei Van der Valk en syn kollega's om fan harren te learen.
"Wij mogen geen restmateriaal verwerken tot compost", seit Menno Nijenhuis fan ELAN. "En onkruidzaden wil een boer ook niet op zijn land uitzaaien. Met deze nieuwe wijze van composteren, ben je daar vanaf."
Sy hoopje dat ek op oare plakken gemeenten entûsjast wurde om dit op grutte skaal ta te passen.