In stopljocht bûtendyks op It Bilt: Kin dat yn Natura 2000-gebiet?

29 sep 2021 - 15:58

De FNP yn Provinsjale Steaten hat skriftlike fragen steld oan it provinsjebestjoer oer it stopljocht dat de Fûgelbeskerming op de pôlen bûtendyks by De Westhoek hawwe wol. "Is it se yn de plasse slein?" wie de earste reaksje fan de steatefraksje, neffens wurdfierder Veenstra.

Besikers oan De Westhoek ûnderweis mei klapstuollen - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

It ferkearsljocht op de pôlen fan It Bilt soe in proef wêze fan de Fûgelbeskerming. Slacht it oan, dan komme der mooglik mear fan sokke stopljochten op de romte. By De Westhoek soe it stopljocht soargje moatte foar minder minsken tagelyk achterdyk. De natuer soe dêrtroch minder fersteurd reitsje.

Natura 2000-gebiet

De FNP-fraksje hat fragen steld oan Deputearre Steaten oer de mooglike komst fan it stopljocht. De partij wol witte oft de provinsje dêr ek kontakt oer hân hat mei de Fûgelbeskerming en mei de gemeente Waadhoeke. En kin dat samar, freget de partij him ôf, in stopljocht delsette yn Natura 2000-gebiet? Want dêr jilde strange regels.

Neffens de partij jout in stopljocht in ferkeard sinjaal. Jo moatte it net 'saaklik ferbiede', mar de minsken mear bybringe oer de funksje fan rêst foar fûgels yn it gebiet.

De provinsje moat mei de Fûgelbeskerming prate en mei alternativen komme, mooglik yn gearwurking mei de gemeente Waadhoeke, fynt de partij.

Trefwurden: 
FNP De Westhoek stopljocht
(Advertinsje)
(Advertinsje)