Takomst fan keatsklup Marsum ûnwis: kin KV Foarút noch wol foarút?

De ein driget foar de keatsclub fan Marsum. KV Foarút bestiet takom jier 125 jier, mar hat nei dit jier noch mar ien bestjoerslid oer. Op dit stuit binne dat der noch trije, mar twa fan har nimme ôfskie. KV Foarút komt mei in needgjalp.
© KV Foarút Marsum
"De enerzjy is gewoan op", seit Coby van Wieren. Mei Maaike Herrema stapt sy út it bestjoer, Bauke Rekker soe de iennige wêze dy't noch oerbliuwt. "Wy kinne de karre net lûke mei trije minsken. Wy wolle wol, mar kinne net."

Needgjalp

It hjoeddeiske bestjoer hat in brief nei alle leden, âlden en donateurs stjoerd. It komt del op in needgjalp. "Sy moatte it mar sizze", seit Van Wieren. "Wy hawwe in spoedgearkomste hân, want wy moatte kandidaten hawwe foar it bestjoer."

Trend

Neffens Van Wieren sit Marsum dochs wat mei in fergrizing, mar it giet ek om in gruttere ûntwikkeling. "De minsken wolle wol wat dwaan, mar net bestjoerlik. In soad wurkje beiden en wolle yn it wykein net op it keatsfjild stean. It is ek in trend, ferieningen hawwe it dreech." Sa spylje der ek yn Harns problemen om genôch minsken foar it keatsen te krijen.
Dêr komt by dat keatsen in yntinsive sport is, dêr't je ek wat fan witte moatte.
Emosjoneel stean ik der ticht op. Mar je moatte ek in kar meitsje.
Bestjoerslid Coby van Wieren fan KV Foarút
Dochs moat Van Wieren der noch net oan tinke dat de klup ferdwynt. "Emosjoneel stean ik der ticht op. Mar je moatte ek in kar meitsje. Sy moatte mar opstean. Yn de brief stiet krekt wat wy sykje en wat de konsekwinsjes binne as wy gjin minsken fine." Want it hâldt ek yn dat der gjin jongereinkeatsen, gjin ôfdielingspartoeren, gjin KNKB haadklassedagen en feestaktiviteiten mear binne.

Bestjoer en kommisjes

Der binne net allinne bestjoersleden nedich, mar ek koördinatoaren foar kommisjes. Der wurde in foarsitter, sekretaris, algemien lid, koördinator fjild en materiaal, koördinator perklizze en in koördinator jongereinkommisje socht.
Bestjoerslid Coby van Wieren
Op 11 oktober folget in lêste spoedgearkomste, dêr't eltsenien wolkom is. Dan moat dúdlik wurde oft KV Foarút ek echt noch foarút kin.